Ljouwerter Wielenpôlle soarget foar wat ekstra ljocht yn in dreech en donker jier
Minsken komme der fan heine en fier foar nei Ljouwert: de skitterjende strjitten fan de Wielenpôlle, dy't no al wer folhingje mei de prachtichste krystljochten. Der wurdt dit jier ek kollektearre op strjitte, sadat it kommend jier wêr sa'n ljochtfeest wêze kin.

It is net te missen as je de ferneamde Ljouwerter wyk ynride: de tûzenen krystljochtsjes dy't oan de hûzen hingje, en har in wei bane troch de ferskate tunen. Grutte ferljochte krystmannen steane njonken ferljochte sniepoppen. Buertbewenner Rinus Pel is tige grutsk op it resultaat,: "Het is een lichtshow in deze donkere tijd." Hjirmei doelt er net allinnich mar op it letterlike tsjuster dat alle jierren om dizze tiid hinne hieltyd betider begjint, mar hy doelt ek op de maatskippij dy't dit jier wat treuriger is.
Kollekte foar de buert
Gewoanwei wurdt der mei de aksje jild ophelle foar in goed doel, mar dit jier binne de munten yn de kollektebussen foar de buert sels. De buert wol dêrmei de bewenners stypje dy't it dit jier wat minder hawwe. De oprop fan Pel is dan ek dúdlik: "Kom alsjeblieft langs!"
Ofrûne sneon wie it al in grut sukses, de auto's stiene doe bumper oan bumper yn de strjitte. "Iedereen hier in de straat vindt het mooi, want de mensen komen toch in ons armste buurtje van Leeuwarden."

De Cadillac
Al yn oktober is de buert úteinset mei de grutte ljochtfersiering. In opfallend detail is de fersierde Cadillac fan buertbewenner Petra en har man. De auto stiet der al hast tsien jier, en is foar de krystsfear folslein fersierd mei ljochtsjes.
It pear is tige grutsk op it wurk dat de buert ferset hat: "Vorig jaar was er helemaal geen sprake meer van een kerstdorp, maar dit jaar is dat gevoel weer helemaal terug." Oft dat mei de corona te krijen hat fine se dreech te sizzen.
Harkje nei in petear mei buertbewenner Petra en har man