IM easket hege jildboetes yn saak fan deadlik bedriuwsûngelok Douna

It Iepenbier Ministearje easket boetes foar masinefabryk Douna út Ljouwert en Mokveld Valves út Gouda. Foar de rjochtbank yn Zwolle tsjinne moandei de saak tsjin beide bedriuwen. By in bedriuwsûngelok yn maaie 2018 kamen twa meiwurkers fan Mokveld Valves út Lopik en Wilnis om it libben. Twa meiwurkers fan Douna ûntsnapten oan de dea. Justysje fynt dat de bedriuwen slim neilittich west hawwe as it giet om de feiligens fan de wurknimmers mei de dea ta gefolch en easket 50.000 euro foar Douna en 80.000 foar Mokveld Valves.
© GinoPress
By in test dy't útfierd waard mei in iepen silindermantel rekke in sûgerstang fan de oandriuwing los en waard ûnder hege druk út de silinder sketten. It stik metaal rekke de twa manlju dy't as gefolch dêrfan ferstoaren.
Neffens de twa belutsen bedriuwen gie it om in testopstelling en om in wurkwize dy't tsientallen kearen earder sa dien wie en oant 2018 eins altyd sûnder grutte ûngelokken. De bedriuwen sizze op de sitting dat se har net goed bewust wiene hoe gefaarlik dizze test blykber wie.
De offisier fan justysje ferwyt beide bedriuwen 'onderschatting van de risico's'. "Dat heeft twee mensenlevens gekost en dat valt de bedrijven aan te rekenen. De nalatigheid van de bedrijven verdient een flinke straf."
De offisier fan justysje is dúdlik oer it ûngelok: it bedriuw hat net goed soarge foar de sûnens en de feiligens fan de meiwurkers. De hegedruk-test hie yn in bunker moatten en net yn de fabrykshal. Der wie yn 't foar ek gjin risiko-analyze makke.

Prosedueres en ôfspraken oanpast

Op de saak waard dúdlik dat beide bedriuwen de ynterne prosedueres en ôfspraken oanpast hawwe nei it ûngelok. Se realisearje har dat sa'n test net wer op dizze wize útfierd wurde kin. Der waard ek wiidweidich praat oer de brûkte materialen, de betrouberheid fan de konstruksje en oer de risiko's fan lektesten ûnder hege druk. De test is útfierd ûnder in druk fan 8 oant 11 bar. De druk dy't op it materiaal kaam te stean wie sa grut dat de sûgerstang tolve meter omheech skeat tsjin it plafond.

Neibesteanden

In pynlik ûnderdiel fan de saak is dat de skeafergoeding foar de neibesteanden fan de slachtoffers noch hieltyd net definityf regele is. De saak rint noch, ferklearje de bedriuwen op de rjochtbank. De advokaat fan Mokveld hâlde it op misferstannen yn de kommunikaasje en sei fierder ta dat de skeafergoeding oan de neibesteanden hast rûn is. Mar guon fan de neibesteanden, dy't by de saak wienen, binne bysûnder kritysk oer de gong fan saken.
Benammen Mokveld is tekoartsketten yn de rjochting fan de neibesteanden fan har wurknimmers. De widdo fan ien fan de slachtoffers fertelde dat se ein 2018 in krystpakket krige mei de tekst '2018 was een bewogen jaar, bedankt voor je inzet'. Dat is hiel ûngelokkich.
Foar Douna is de situaasje in bytsje oars. It ûngelok barde yn Ljouwert, mar de slachtoffers wiene wurknimmers fan Mokveld. Direkteur Ale Procee is sûnt 2019 direkteur en wie yn 2018 noch net ferantwurdlik foar de gong fan saken.
De advokaat fan Mokveld is it net mei de eask iens. Hy jout ta dat it bedriuw mandelich is oan it ûngelok mar sei dat de test net neffens ôfspraak útfierd wie. De advokaat fan Douna moat noch oan it wurd komme.
De útspraak wurdt oer twa wiken ferwachte.
Ferslachjouwer Onno Falkena
Wurdfierder Vincent Overbeek fan de famylje út Lopik oer de ôfhanneling troch Mokveld