Plysje Snits siket tsjûgen nei fernielen plysjebus troch yllegaal fjoerwurk
De plysje fan Snits siket tsjûgen fan de fernieling fan in plysjebus yn Snits. De bus stie op in ôfsletten binnenplak fan it plysjeburo oan it IJlsterplein. Sneontenacht tusken 02.00 en 03.00 oere is in rút fernield en dêrnei is swier fjoerwurk yn de auto smiten. De wein rekke bot skansearre.

It giet om in Cobra 6, yllegaal fjoerwurk, dat yn auto smiten waard. As minsken wat sjoen ha, kinne se kontakt opnimme mei de plysje op telefoannûmer 0900-8844.
De plysje siket ek nei byldmateriaal fan bewakingskamera's yn de buert.