Plysje pakt trije ynbrekkers yn Drachten
De plysje yn Drachten hat sneintejûn trije ynbrekkers oanhâlden. De manlju hiene ynbrutsen yn it skoalgebou fan CSG Liudger oan de Leerwei yn Drachten. Se waarden trappearre troch in befeiliger en naaiden út. De befeiliger warskôge de plysje en dy koe de ynbrekkers op de Oerterpervallaat oanhâlde.

De ynbrekkers besochten harren noch te ferstopjen yn in sleat, mar de plysje wist de jonges dochs te finen. It trio sit fêst foar fierder ûndersyk. De ynbrekkers hiene it foarsjoen op laptops. Dy binne yn de omkriten fan de skoalle weromfûn.