Kollum: "Black Friday"
"Ofrûne freed wie it offisjeel Black Friday. De dei dat alles mar dan ek echt álles yn de oanbieding is. Fan de iPhones by de Mediamarkt oant de aaiwekkers by Bol.com. En fan de duplo by de Intertoys oant de dildo's by EasyToys. Kinst it sa gek net betinke of der is wol in koartingsaksje foar.

De Toan fan Nynke van der Zee
Yn stee fan ien dei is hast de hiele moanne novimber dit jier Black Friday. Wy meie fanwege corona ommers net mei syn allen tagelyk de winkel ynbrûze op jacht nei de bêste koopjes. Dus dogge allerhanne grutte priisstunters de hiele moanne alles foar de skerpste prizen fuort. Alteast dat sizze se.
Wy rûnen twa wike lyn op in freedtejûn in grutte badkeamer-saak yn. By binnenkomst knalden we hast tsjin in boerd oan dêr't mei glimmende letters op stie dat wy as klant 'MEGAMAZZEL' hienen dat wy gebrûk meitsje koenen fan superskerpe Black Friday-koarting. In rappe popyjopy kaam fuort op ús ôf. 'Oft wy ek foar Black Friday kamen', frege er. Eeeeh, wy komme foar in nije badkeamer. Super, top, geweldich, lake er.
Gean sitten. Kofje, tee, cola? Wy koenen alles krije. Hy tovere in programma tefoarskyn op syn kompjûter en klikte wakker hinne en wer om ús badkeamer digitaal nei te bouwen. En doe koe it echte wurk begjinne. Wat wienen ús winsken? In bad, seinen we. "Wauw", rôp er, as wienen we de earste klanten dy't ea op it idee kaam wienen om in bad yn de badkeamer te setten. En in 'inloopdouche', ferfolgen wy ús winsken. "Geweldig", rôp ús badkeamerpipo op 'e nij. By alles wat wy opneamden, krigen wy kompliminten. Ik krige sa stadichoan pineholle.
Nei't ús digitale badkeamer op syn kompjûter klear wie, makken wy mei ús trijen in rûntsje troch de saak. Hy hipte fan hot nei her en naam ús op sleeptou lâns spegels, waskkommen, kranen en dûsputsjes. It iene wie noch better as it oare en by alles dat wy oanwiisden wie er it folslein mei ús kar iens. It waard in FAN-TAS-TYSKE badkeamer, jubele er doe't we wer by de kompjûtertafel sitten gongen. Kofje, tee, cola?
En doe kaam it hichtepunt fan ús besite. De offerte. Hy wiisde grutsk nei it boerd dêr't wy by binnenkomst al hast tsjinoan knald wienen. De Black Friday-aksje. "Ik mag jullie geweldige kortingen geven", glimke er. Drok bleddere popyjopy troch allerhanne mappen mei prizen fan it bad, de dûskop, waskkommen en wit ik al net mear. En doe kaam de fraach der fragen: "Willen jullie de korting van Black Friday?"
Wat in fraach. Duh. Ast koarting krije kinst dan slacht net ien dy ôf toch? Dus wy knikten fan ja. En floep! Dêr hipte de aap al út de mouwe. Yn dat gefal moasten wy nammentlik fuortendaliks beslute dat we it guod by dizze superhippe, supergoedkeape en super-A-merke-winkel keapje woenen. Just ja.
Neam ús saai, neam ús âlderwetsk, neam ús deeglik, mar ik gean net samar efkes besluten oft wy in komplete badkeamer fan in pear tûzen euro bestelle. Dus wy skodden de holle. Hy siigde hast yn elkoar achter syn kompjûter. Wie er sa tichtby om ús in geweldige koarting te jaan en dan sizze wy nee?! Hy snapte der neat fan.
Mar ikke wol. Dit is ien grutte poppekast. Dat hiele Black Friday-gejeuzel. In poppekast dêr't ik net oan meidoch. Sterker noch: ik betelje graach wat mear by in saak dy't my fuortendaliks in goeie priis jout. Gjin gedoch mei koartingen, aksjes of wit ik wat.
Doe't wy dy freedtejûns út de hippe badkeamersaak wer nei bûten rûnen, draaide ik my noch efkes om. Ik seach it gesicht fan ús popyjopy en samar ynienen snapte ik wêr't de namme Black Friday weikomt."