Wol drokte yn Ljouwert troch Black Friday, gjin ekstra maatregels nedich
Yn Ljouwert wie it dit wykein drok fanwegen de koartingsaksje Black Friday. Dochs wie it net nedich om de winkels earder ticht te dwaan. Dat seit Hayo Galema, binnenstêdmanager fan Ljouwert. "Romte meitsje, romte meitsje, romte meitsje: dat is de bêste oplossing."
Fan freed ôf wie der in protte publyk yn 'e Ljouwerter binnenstêd. Mar echt út de hân rûn it net. It wie dan ek net nedich om ekstra maatregels te nimmen, leit de binnenstêdmanager út. "Wy ha fansels al de nedige foarsoarchsmaatregels naam. Nim bygelyks it beslút dat der yn it wykein net mear fytst wurde mei yn de Ljouwerter binnenstêd", leit Galema út. "Dêrmei soargje wy foar mear romte, om't minsken op de strjitte rinne kinne. Dat is neffens ús de bêste oplossing. It giet yn dit soart situaasjes net om stekken del te setten, mar om romte te meitsjen."
Oerlis op freed
Freed like it efkes te drok te wurden yn de binnenstêd. "Doe ha wy jûns efkes oerlis hân mei de gemeente", fertelt Galema. "Fia allerhanne kanalen ha wy de minsken attindearre op it feit dat se ek op rêstige mominten nei de stêd komme kinne. Spesjaal dêrfoar ha wy it fergees parkearjen ynfierd. Dat helpt. Benammen op freeds en sneons is der moarns in stik mear oanrin."
Drokte yn desimber
Black Friday is alle jierren in drok momint, wat ek jildt foar de desimbermoanne. Dêrom sjocht de binnenstêdmanager alfêst fierder foarút. "De krystdagen komme der oan. Dat is altyd in drokke tiid yn de stêd. Wy moatte sjen oft we dochs net noch mear maatregels nimme moatte. Mar dan giet it om it sprieden fan minsken, net om it earder sluten fan winkels. Dan wurdt it allinnich mar drokker. Romte meitsje, dat bliuwt it liedende prinsipe hjir."