Titelferdigener Letitia de Jong meldt har ôf foar twadde dei NK sprint

Letitia de Jong giet net mear fan start op de twadde dei fan it Nederlânsk kampioenskip sprint yn Thialf op It Hearrenfean. De titelferdigener sei sneon nei de earste dei al, dat se it ôfhingje litte soe fan de reaksje fan har lichem op de earste dei.
Letitia de Jong © ANP
Se is noch herstellende fan in ûntstekking yn de heup en de reaksje nei de earste dei is te grut, lit De Jong witte. Dêrom liket it har net ferstannich om noch in 500 en in 1000 meter te riden. Sneon kaam de Feanwâldster reedrydster net fierder as in njoggentjinde (500 meter) en santjinde plak (1000 meter).
De Jong hopet oer in moanne wer folslein fit te wêzen. Dan is it kwalifikaasjetoernoai dêr't startbewizen te fertsjinjen binne foar de ynternasjonale wedstriden.