FIDEO: Tsjerketsjinst by Omrop Fryslân

Omrop Fryslân stjoert sneins live tsjerketsjinsten út. Der is opnij in soad fraach nei online tsjinsten, om't der mei de coronamaatregels minder minsken fysyk yn tsjerke sitte kinne. Omrop Fryslân hat yn 'e maitiid ek tsjinten útstjoerd, doe't dy hast allegear ferfoelen yn ferbân mei it coronafirus. De tsjinst kaam dizze snein út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei, mei as foargonger dûmny S. Ypma. Organist is Jochem Schuurman en Roele Kok de sjonger.
Klik hjir foar de liturgy fan de tsjinst.