Aris rekket spiler kwyt oan klup út Frankryk, dêr't wol spile wurdt

Basketbalklup Aris út Ljouwert ferliest spiler Thomas Smallwood. De 25-jierrige Frânsman fan 2,13 meter giet werom nei syn bertelân. Aris wurket mei oan de transfer, omdat yn Nederlân de kompetysje stilleit en der mar beheind traind wurde kin.
© www.arisleeuwarden.nl
Smallwood sil spylje foar Union Tours Basket Métropole. Dy ploech komt út op it tredde nivo yn Frankryk. Smallwood hat mar ien kear meispile mei de Ljouwerters. Yn dy wedstriid skoarde hy 18 punten en hie er 13 rebounds. Aris giet op syk nei in ferfanger.