Ype Smid wurdt dochs gjin foarsitter SC Cambuur; Van den Belt bliuwt

Ype Smid wurdt net de nije foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen fan SC Cambuur. De earefoarsitter wie foardroegen troch it stichtingsbestjoer, it heechste orgaan fan de klup, mar hat besletten om net op it oanbod yn te gean. Finansjeel direkteur Gerald van den Belt bliuwt foarearst.
Presintator Simone Scheffer praat mei Cambuurwatcher Geert van Tuinen oer nijs dat Smid gjin foarsitter wurdt:
Ype Smid
"De onrust die is ontstaan is niet in het belang van de club en dat moet altijd voorop staan bij iedereen", seit Smid. "Om de rust te laten terugkeren trek ik mijn kandidatuur als voorzitter van de Raad van Commissarissen in en zal ik de club blijven steunen waar ik kan in mijn rol als Erevoorzitter en certificaathouder."
Doe't earder dizze wike bekend waard dat Smid foardroegen wurde soe as foarsitter, kaam ek nei bûten dat finansjeel direkteur Gerald van den Belt dan ophâlde soe. Hy bliuwt yn alle gefallen oant de ein fan dit seizoen, lit er witte fanôf syn fakânsje-adres: "Ik wil graag promoveren met Cambuur en zal er met organisatie en staf alles aan doen om dat te realiseren. Dat kan alleen als er rust is rond Cambuur. Dus nu belangrijk dat iedereen Cambuur belang voorop stelt, inclusief mijn persoon."
Ype Smid © www.orange-pictures.nl
Algemien direkteur Ard de Graaf oer it nijs: "Het is goed voor de club dat er nu duidelijkheid is." Hy seit dat Smid it beslút sels naam hat.
Ek Harjan van Dam, dy't mei Smid tatrede soe ta de Ried fan Kommissarissen, lûkt him fuortendaliks werom.

Stichtingsbestjoer woe Smid

Smid wie sân jier lang foarsitter en naam yn 2018 ôfskied fan de klup. It stichtingsbestjoer woe him kommendei moandei foardrage as nije foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen. De foarsitter fan it stichtingsbestjoer, Cees Anceaux, wol pas moandei nei de fergadering mei in reaksje komme.
Kommissarissen Jan Koster en Harry van der Zee woene net oanbliuwe as Smid foarsitter wurde soe. "As Ype oannaam wurdt, dan lûk ik myn konklúzje en stap ik fuortendaalks op", sei Koster earder dizze wike.