Skriuwster Haverkamp krijt Anton Wachterpriis; boargemaster seit dat priis bestean bliuwt

Skriuwster Annemarie Haverkamp hat sneon de Anton Wachterpriis 2020 útrikt krigen út hannen fan boargemaster Roel Sluiter fan Harns. De priis foar it bêste literêre proazadebút krijt se foar har roman De achtste dag. De Anton Wachterpriis is in aktiviteit fan it Centraal Comité 1945.
Annemarie Haverkamp mei de Anton Wachterpriis © Joachim de Ruijter
Tagelyk mei de Anton Wachterpriis wurdt de Ina Dammanpriis útrikt troch de Vestdijkkring. Dit jier krijt Museum Het Hannemahuis yn Harns dizze priis foar de oandacht dy't se al jieren jouwe oan de skriuwer Simon Vestdijk (1898-1971).
Vestdijk wie hikke en tein yn Harns. De havenstad komt yn in tal fan syn boeken werom as Lahringen. Syn jeugd yn Harns en Ljouwert wie it tema fan syn Anton Wachter-romans.
De Ina Dammanprijs foar it Hannemahûs © Joachim de Ruijter

Boargemaster Sluiter wol takomst priis feilich stelle

It like de lêste kear te wurden dat de Anton Wachterpriis yn Harns útrikt wurde soe. It sintraal komitee 1945 hat de priis 21 kear útrikt mar hâldt der mei op omdat se opheft binne. Mar boargemaster Sluiter, dy't foar de lêste kear de priis útrikke mocht as boargemaster fan Harns hie goed nijs foar alle literatuerleafhawwers yn De Grote Kerk fan Harns.
Sluiter sei ta dat, foardat hy ôfskied nimt as boargemaster, regele is dat de takomst fan de Anton Wachterpriis bestean bliuwt. "Voordat ik vertrek garandeer ik dat alles in de steigers staat." Yn syn taspraak fertelde hy ek dat it winnende boek fan skriuwster Annemarie Haverkamp, De achtste dag, him persoanlik rekke. It giet oer in man mei in sike frou en in swier handicapte soan. Gjin fleurich ferhaal. "In die zorg worden we meegenomen en realiseer je je dat sommige levens rampzalig lopen."
Sjoch hjirûnder nei de útstjoering fan de útrikking: