Fryske slachtoffers bernetaslachaffêre: "Gemeenten moatte no proaktyf hannelje"

Jierrenlang besochten Anoeska de Vries en Mariëlle Nijland by de Belastingdienst oan te jaan dat der flaters makke wiene, mar se krigen gjin gehoar. Se moasten tûzenen euro's werombetelje om't se tefolle bernetaslach ûntfongen hiene. Achterôf bliek dêr neat fan wier te wêzen. "Der is no begryp en ik hoech my net mear te skamjen, mar je wurde ek lilk dat dit je oerkommen is troch de skuld fan de Belastingdienst", fertelt De Vries.
Fryske slachtoffers fan bernetaslachaffere
De Vries ferlear har baan, koe har eigen bedriuw net mear trochsette en moast mentaal ek klappen ferwurkje. "Sels no't ik wit dat it net myn skuld wie, bin ik noch ûnwis oer de sitewaasje."
Har freondin yn de striid hat dêr minder lêst fan hân. Nijland: "De jaaropgaven waarin stond dat ik recht had op kinderbijslag zijn tot twee keer toe kwijtgeraakt bij de Belastingdienst. Ik heb honderd keer aan de bel getrokken, maar ze gaven niet thuis."
Uteinlik krige Nijland in 'fraudevinkje' achter har namme te stean. "Toen ben ik boos het belastingkantoor ingestapt. Een ambtenaar heeft toen samen met mij een bezwaarschrift opgesteld, waarna het weer goed gekomen is."

26.000 dupearden

Wat Nijland no foaral sear docht, is dat safolle oare dupearden noch altyd yn grutte problemen sitte. "Er zijn 26.000 gedupeerden, met hele schrijnende gevallen. Huisuitzettingen, echtscheidingen, zelfs zelfmoord. Dat mag je je als regering wel aantrekken."
Se rjochtet har pylken no op gemeenten, om't dy fan de Belastingdienst in soad soarchtaken taskood krigen ha. De Belastingdienst mei om de AVG-wetjouwing gjin persoansgegevens diele, wêrtroch't gemeenten hielendal net witte wa't der help nedich hat. Nijland: "Zij moeten nu proactief handelen om die gedupeerden in beeld te krijgen."
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Skamte

Dat de dupearden harren sels net samar melde, begrypt De Vries wol. "Dat is skamte. It is hiel wichtich foar dy minsken om by harsels nei te gean: 'Bin ik dupearde?' Dy erkenning moatte se fine. Ik wit hoe't je omrinne kinne mei dy skamte, mar it is just sa belangryk om dêr oerhinne te stappen."