Aldere fytsers teste 25 nije rûten troch Fryslân

Jetty de Vries en Karin Broer fan it Fytersbûn soene dizze simmer groepsaktiviteiten foar âlderein organisearje. Mar troch it coronafirus koe dat net trochgean. Aldergelokst wie der in Plan B: in idee foar Trochtraaprûten. En dat is in grut sukses, yn in koart skoftke tiid binne der al 25 fan dizze fytsrûten foar âlderein.
De mûne fan Dronryp © Omrop Fryslân
It giet no noch om testrûten. Yn sawat alle Fryske gemeenten binne fan dy saneamde Trochtraaprûten, makke yn opdracht fan it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid en de Fryske gemeenten. Mar om út te finen wat goed is en minder goed, moatte de rûten test wurde. "We hebben al heel veel mensen gevonden die de routes voor ons getest hebben", fertelt Karin Broer.

Drege punten oanjaan

Koartlyn is der in nije rûte kaam by Dronryp, dy rint fan MFA d'Ald Skoalle nei Hilaard, Deinum en werom nei Dronryp. By it Moundersplak by de mûne fan Dronryp steane Jetty de Vries en Karin Broer freed om de 'testfytsers' te moetsjen. "Dan vragen we ze om aan te geven wat nou de lastige punten waren op die route." Se jouwe ek tips oer it fytsen yn de winter.
Yn totaal binne der al 670 beoardielings foar de 25 rûten. Broer: "We vragen altijd wat lastige situaties waren, daarover krijgen we wel wat opmerkingen. De route in Oosterwolde is heel goed beoordeeld, het is ook een heel mooie route. Maar een rotonde daar vonden veel mensen heel lastig."
Oan de hân fan de opmerkingen wurde rûten wêr mooglik noch oanpast. Dan wurde takom jier de definitive rûten nei bûten brocht.