Kollum: "It slavelibben"

"Mûlkapkes wurde troch guon lju wol ferlike mei slavekapkes en soene in symboal wêze fan slavernij. Mar mei it each op ús fakânsje yn Suriname begryp ik dat net hielendal. Ast dêr in slaaf wiest, dan hiest in dreech en swier libben. Slaven waarden fernedere, geastlik en lichaamlik mishannele en moasten wurkje oant se der by deldonderen. Froulike slaven moasten de baas ek gauris befredigje en dan bedoel ik net mei in panne stamppot boerekoal.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De toan fan Hilda Talsma
Mar twa kear deis ite, dy de bek hâlde ast it net iens wiest mei de gong fan saken, libje yn in krot mei in pear âlde fodden om 'e kont of martele wurde; hoe kinst dat no ea ferlykje mei it dragen fan in mûlkapke? Op de plantaazjes kinst de ellinde fan dy tiid hjoed-de-dei noch fiele, lykas by de konsintraasjekampen dêr't al dy ûnskuldige minsken fermoarde binne.
Ik freegje my ôf oft lju dy't roppe dat in mûlkapke in slavekapke is wol wat fan de skiednis witte. Of sels siik, swak en mislik yn in âlde goare barak lein ha te krepearjen wylst de rotten dy de gatten yn 'e bealch fretten. Binne sy mei geweld ferkrêfte, oan metalen heakken ophongen, ferhannele op in merk of stellen út it heitelân omdat in oar jild oan dy fertsjinje koe?
Ik moat earlik sizze dat ik it net noflik fyn om sa'n kapke foar de snút te hawwen, mar dochs hat it ek syn foardielen. Mei sa'n ding foar kinst nammentlik hiel segrinich om dy hinne sjen en dat hat nimmen it yn 'e gaten. In soad minsken binne amper te werkennen en dat is út en troch ek wol handich.
Ast gjin nocht hast yn in praatsje, dochst krekt as hast dyjinge net sjoen en it probleem fan dy mûlkapkes op skoalle begryp ik ek net. Ik ha in soad leard yn myn libben, mar ik bin it measte wer ferjitten. Wat ik allinnich noait ferjitte sil, is hoe't guon leararen út 'e mûle stonken! Benammen as sy nei in bakje kofje en in sigaret by dy kamen om wat út te lizzen! Op sokke mominten is in mûlkapke dochs in útkomst?
Ik doarde der noait wat fan te sizzen en draaide de holle mar wat op 'e side of ik die de hân foar de noas. It soe wêze kinne dat de bern no wat brutaler binne, mar sa net, dan wurde dy leararen moai in kear mei de eigen noas op de feiten drukt. Mei in kapke foar is de kâns grut dat se har ferrotte azem sels rûke yn stee fan dy earme bern.
Ast in kapke draachst, dan hoechst dy ek net mear sa drok te meitsjen oer hoe'tst derút sjochst. It flirten is wat dreger, mar miskien ek wol spannender. Ik bin der net wis fan, want ik flirt net. Ik sjoch fierstente brimstich en bin ek wol gauris yn 'e war mei it kapke en de sinnebril. Bytiden haw ik beide op, mar dan sykje ik om myn bril of om it kapke en dan fiel my hiel ûnnoazel.
Der is in soad oer sa'n mûlkapke te sizzen en dan haw ik it der noch net iens oer hân oft it yndied wol helpt, of net. Mar in slavekapke? Ast it oan tiid hast om de godgânske dei dyn gal op social media te spuien of op dizze Black Friday allegear dingen keapje kinst dy'tst net nedich hast, dan bist miskien earder in moderne slaaf fan dyn eigen tekoartkommingen. Betink de slavedriuwer mei de swipe en syn dampende reekwoarst út 'e broek der dan foar de gesellichheid mar efkes by."