Frou krijt wurkstraf foar mishanneling fan helpferlieners yn Ljouwert

In frou út Jirnsum hat in wurkstraf fan 80 oeren krigen omdat sy in meiwurkster fan in ambulânse mishannele hat. De frou wie nachts yn Ljouwert op har holle fallen en rekke ferwûne oan de holle. Doe't de ambulânseferpleechkundige de frou helpe woe, joech dy har in stomp.
© Omrop Fryslan, Aise van Beets
Ek doe't sy ien kear yn de ambulânse wie, bleau se slaan en triuwen. De plysje hat de frou oppakt en brocht har nei it sikehûs. Dêr woe sy har net ûndersykje litte. Justysje tilt swier oan it mishanneljen fan helpferlieners en easke in hegere straf as gewoanwei jûn wurdt foar ditsoarte hâlden en dragen. De rjochtbank gie dêr yn mei.