Campus Fryslân tredde bêste 'university college' fan Nederlân
Campus Fryslân yn Ljouwert wurdt troch de Keuzegids bestimpele as tredde bêste 'university college' fan Nederlân. Derneist is de bacheloroplieding 'Minorities & Multilingualism', minderheden en meartalichheid, op de universiteit fan Grins bestempele ta ien fan de bêste fiif opliedingen fan Nederlân. It Frysk is ûnderdiel fan dizze stúdzje, it wurdt dêr hjoed-de-dei oanbean as 'Frisian track'.

De Keuzegids wurdt elts jier útjûn troch it Centrum Hoger Onderwijs Informatie en is foar skoalbern en dekanen dy't harren oriïntearje wolle op universitêre bacheloropliedingen.