RIVM: 'Set de houtkachel net oan'

It RIVM ropt minsken út de provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte, Oerisel, Noard Hollân, Noard-Brabân en Flevolân op om gjin houtfjoer oan te stekken. Troch de waarsomstannichheden bliuwt de reek langer hingjen, wat oerlêst en it slimmer wurden fan sûnensklachten ta gefolch hawwe kin.
De warskôging foar tongersdeitejûn jildt neffens it RIVM oant yn de nacht. Dêrnei hellet de wyn oan, wêrtroch't de reek him better ferspriede kin en de luchtkwaliteit ferbetteret.