Organisaasjes oer nije subsydzje foar ûndernimmers: "Meitsje oanfraach net te dreech"
Meitsje de oanfraach foar de subsydzje fan 438 miljoen net te yngewikkeld foar ûndernimmers; dy oprop dogge ferskate ûndernimmende partijen lykas Circulair Fryslân en de Dairy Campus yn Ljouwert oan de provinsje. As de oanfraach te yngewikkeld wurdt, sjogge ûndernimmers der mooglik fan ôf, sa tinke de beide partijen. "Ik snap dat je net samar by dat jild kinne, mar meitsje it systeem op basis fan fertrouwen," seit Houkje Rijpstra fan Circulair Friesland. "Yn it ferline wiene we in grut part fan it jild al kwyt foar de kontrôle. Dat is skande."
Dairy Campus
Fertrouwen
Der komt 438 miljoen beskikber foar Noard-Nederlânske bedriuwen dy't ynnovearje wolle, sa waard earder bekend. Ynnovaasjeklusters lykas Dairy Campus en Circulair Fryslân binne wiis mei dat jild, mar hawwe ek in oprop oan de provinsje. Se binne benaud dat de oanfraach te yngewikkeld wurdt en in protte bedriuwen it dan mar 'litte foar wat it is.'
Neffens Houkje Rijpstra is fertrouwen de kaai foar it de nije subsydzje. Yn it ferline bleau der jild oer nei't ferskate bedriuwen de stipe net woene. "It wurdt dan fierstente yngewikkeld foar se om in oanfraach te dwaan," seit Rijpstra. "Dus dan litte se it jild en it idee lizze. Dat is sa skande. We hawwe sels ek ris stipe oanfrege. Dêr wiene we tige wiis mei, mar somtiden kamen we faak de burokratyske problemen tsjin. In part fan it jild gong wer út nei de kontrôle troch de oerheid. Dat is skande."
Houkje Rijpstra fan Circulair Friesland oer de stipe

Ynnovaasje yn Boalsert
Yn Boalsert hat masineboubedriuw Bos in pear jier ferline gebrûk makke fan in regeling troch de EU. "Wy hawwe der in nije skower foar efter de trekker fan makke," seit eigener fan it bedriuw Joris Bos. "Dy wie duorsumer as foarhinne. We binne fansels hiel bliid mei de stipe, mar fernamen ek dat de regels út Brussel grut wiene. We moasten in soad ynfolje."
Diary Campus
It moat neffens manager Kees de Koning fan de Dairy Campus oars. Neffens him hawwe der yn it ferline bedriuwen west dy't gjin subsydzje hawwe woene, omdat de oanfraach en de betingsten te dreech wiene. Hy wol betrouwen fan de provinsje en gjin wantrouwen. "Ik heb twee oproepen aan provincie: 1. De provincie moet zorgen dat ze de aanvraag niet te moeilijk maken. 2. Laten we het geld nu eens echt goed besteden."
Provinsje stipet
Dy oprop fan De Koning wurdt troch deputearre Sander de Rouwe stipe. "We wolle as provinsje bedriuwen helpe mei it oanfreegjen fan dy subsydzje. We kinne fansels net sa'n protte dwaan oan de regeljouwing fan Europa, want dêr komt it jild no wei. Mar we kinne bedriuwen wol helpe by de oanfraach. Dat wolle wy dan ek dwaan. We dogge der sels gjin regels mear by."