Kollum: "Karbid"

"Karbidsjitte! Us heit docht it noch alle jierren mei âld en nij, en ik bin der as jonkje ek mei opgroeid. Ik haw tegearre mei freontsjes wat omprutst mei ferveblikjes en lúsjefers. In inkelde kear hiene wy in dof plofke en och wat wiene wy dan bliid. Meastentiids hiene wy tefolle of te min wetter op dat lytse brokje karbid dien, of lekte it deksel. Of siet it spikergatsje ûnderyn it blikje wer fol drek. Makke neat, wy hiene wille en de kâns dat it misgie wie mar lyts.
© Omrop Fryslân
De toan fan Botte Jellema
Dit jier gjin fjoerwurk mear yn hiel Nederlân, want dat kinne wy de sikehuzen en húsdokterspraktiken net ek noch oandwaan. Dat koe al jierren net mear: elts jier stiet der nei de krystdagen yn eltse krante wer in eachdokter út te lizzen dat wy der better mei ophâlde kinne. En elts jier bin ik as ynwenner fan in grutte stêd wer tsjûge fan oarlochstafrielen, en behein ik myn bewegingen troch dy stêd ta in minimum, want it fjoerwurk fljocht alle kanten op. Sy hawwe big guns, mar gjin idee hoe't sy dêrmei omgean moatte. Ik kin earne wol begripe dat dat diel fan de lol is, mar ik woe myn fingers, earen en eagen graach letter ek nochris brûke.
Mar: karbidhannelers krigen it ûnferwachts drok. Gjin fjoerwurk, dan karbid! Westerlingen soene it massaal ynslaan, mei kilo's tagelyk. Op tv en yn stikjes op it ynternet lieten se bylden sjen fan de yndustrieel opsetten karbidsjitterij. Dêr fyn ik sels neat oan, in draaiende karrûsel mei molkbussen, of fyftich op in rige, de man dy't stoïsynsk mei in gasbrâner efter de bussen del rint, mei immen dy't de gasflesse foar him tôget der efteroan. Bam bam bam, dat is net karbidsjitte: karbidsjitte is ien knal elts healoere, maksimaal, kâldklomje yn 'e modder, en hoopje dat de folgjende knal in bêste wurdt. Ien sûkelaadsje is altyd folle lekkerder as in hiele bus fol. Afijn, sels witte. Mar it Westen fan it lân, dêr't 'tradisjoneel' net karbidsketten wurdt, hat dat sjoen. En dêr kochten se no massaal karbid yn, no't der gjin fjoerwurk ferhannele wurdt.
It levere al in moai stik op yn De Volkskrant, yn it wykein. Se ynterviewden in meiwurker fan in lânboumeganisaasjebedriuw yn Gelderlân dat karbid ferkeapet. Hy wol gjin gekloai hawwe, sei er, en heart oan de telefoan al of hy mei in debutant of in betûfte sjitter te krijen hat. 'Als iemand vraagt: hoeveel karbid heb ik nodig, weet ik genoeg.' Dat wist hy ek, sa skriuwt de krante, as ien syn aksint net ferstean kin.
It wie it Fryske FNP net ûntgien. Sy reagearren moandei yn deselde lanlike krante mei in ynstjoerde brief. 'Waar wij normaal gesproken de bewoners van de Randstad graag wat meer van ons, van de rust, ruimte en levensopvatting gunnen, vragen wij dit jaar met klém: blijf van ons carbid af.' En: 'Het wachten is op de eerste deksel die op Oudjaarsavond over het Leidseplein wordt gejaagd.' En: 'gun het platteland zijn traditie. Wij laten u ook graag met rust.' Aldus in FNP, dy't dyselde rêst net jaan wol oan 'e eachdokter yn Nieuwsuur dizze wike, dy't karbid út eagen wei operearje mei.
O, FNP. Hoe hearlik om op it oargel fan provinsje fersus Rânestêd te spyljen. De FNP'ers dy't altyd sa kleie dat it Westen Fryslân sa fier fuort fine soe. No komme se in kear, is it wer net goed. De trochsichtige oprop om it Leidseplein feilich te hâlden komt gewoan del op dat it FNP benaud is dat der straks gjin karbid genôch mear is foar de Fryske karbidmûnen. Soe ik net te benaud foar wêze: in echte karbidsjitter hat foarried.
En 'levensopvatting'? Wat bedoele se dêr yn fredesnamme mei? Karbidsjitte as 'levensopvatting'? Dy yn ferienigingsferbân mei tastimming fan de boargemaster en brânwacht yndustriële karbidmûnen as tradysje? It is aardich hear, mar hallo. En dat mei rêst litte, der hat gjin jier west wêryn't it plattelân sa faak mei trekkers de sneldiken en stêden beset hat as dit jier. O, FNP de karbidferkeapers, en grif ek de Fryske, hawwe dizze novimber tige goed saken dien. As sy der al wat fan fine, dan is dat crying all the way to the bank.
Karbidsjitte is in flink gedoch, mei wetter en fjoer, mei stien en drek, mei stiel en logistyk. As je it noch nea dien hawwe, krije je it net sa rap foarinoar. De Westerske fjoerwurkkeaper, mei syn oansteklontsjes en syn premium pakketsjes en djoere spikerbroeken hat der gau genôch fan. Sy hawwe ek hjirfan gjin idee hoe't se der mei om gean moatte. As ik de FNP wie, soe ik op 2 jannewaris Marktplaats mar even checke, hoefolle karbid oft oanbean wurdt, fergees ôf te heljen yn dat fiere, freeslike Westen."