Fjildrider Gosse van der Meer rist him ta op wrâldbekerwedstriid yn Tsjechië

Fjildrider Gosse van der Meer fan Surhuzum seach syn wedstriidseizoen hast yn reek opgean, mar op it stuit docht er goede saken yn Tsjechië. Oardel wike lyn pakte er fan need de camper en reizge ôf nei it East-Europeeske lân, dêr't er him tariedt op de earste wrâldbekerwedstriid fan dit winterseizoen, kommende snein yn Tabor.
Gosse van der Meer yn jannewaris by it NK Fjildride © Orange Pictures
Troch de coronakrisis giene in soad wedstriden yn Europa net troch. Sa koe Van der Meer bygelyks net fytse yn België, dêr't gewoanwei in soad fjildritten binne. "De Belgen binne wat oan it gûcheljen mei de regels fan de wedstriden. Do moatst best wol heech op de wrâldranking stean om dêr noch starte te meien. Der meie ek net safolle bûtenlanners mear meidwaan", leit Van der Meer út.

Tsjechië

Hoewol't Tsjechië yn lockdown is, koe Van der Meer frij maklik ôfreizgje nei it lân. "Dat foel my eins 100 punten ta. Ik tocht ik ryd der gewoan mei de camper hinne en sjoch wol hoe't it komt. Ik hie fan tefoaren alles regele", leit de fjildrider út. "Ik stie úteinlik wol in oere as twa by de grins te kloaien, mar ik knippere mei de eagen en ik wie yn Tsjechië, dus dat gie eins noch wol frij flot."
Tsjechië is op it stuit yn lockdown yn ferbân mei it coronafirus, mar de regels binne der yntusken wat ferromme foar profsporters. "We meie gewoan bûten traine. It waar liket net al te bêst, dus ik sit net in hiel protte op de fyts. Maksimaal trije oerkes deis. Mar dat giet eins wol hiel goed", fertelt Van der Meer.

Wrâldranking

Dochs baalt de fjildrider wol wat. "Ik hie foarich jier superfolle punten helle foar dy wrâldranking yn wedstriden dy't dit jier allegear skrast waarden. Dus ik sakke eltse wike fierder fuort op dy ranking. Tsjechië wie dêrom de iennichste opsje dêr't ik starte koe. Yntusken is de wrâldranking wat oanpast mei de wedstriden fan foarich jier noch, dus no bin ik wer wat omheech sketten en stean ik wer knap foar."
Gosse van der Meer