VVD wol witte 'wat in Nasjonaal Lânskipspark Waadgebiet taheakket'

De VVD yn de Twadde Keamer wol witte wat de komst fan in Nasjonaal Lânskipspark Waadgebiet eins taheakket oan de besteande beskerming fan it gebiet. Under oare VVD-Keamerlid Aukje de Vries hat fragen steld oer dit advys dat freed 20 novimber troch Omrop Fryslân nei bûten kaam. Neffens de Keamerleden fielden in oantal partijen harren oerfallen en ferrast troch it nijs.
It Noarderleech © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Ek wolle sy mear witte fan de gearstalling fan de 'Commissie Verkenning Nationale Parken' dy't it advys foar fiif fan dizze Nasjonale Lânskipsparken opsteld hat en wa't dêr oer meiprate koe. De partij fynt dat it Waadgebiet net in soarte fan reservaat wurde moat, mar dat ekology en ekonomy yn balâns wêze moatte. Dêrby moat der romte bliuwe foar de aktiviteiten fan minsken lykas dy al hûnderten jierren barre.
Yn it advys fan de kommisje stiet dat ien en oar gjin ekstra beheiningen opsmyt en dat it gebiet net op slot set wurdt. It doel fan sa'n nij lânskipspark soe wêze moatte dat it in soarte 'proeftún' wêze kin foar it oplossen fan problemen mei bygelyks it bioferskaat.

Greidefûgels

De VVD bliuwt ek noed hawwen oer de dykfersterking Lauwerseach-Koehoal wêrby't der ek oan natuerûntwikkeling dien wurdt. De plannen dêrfoar binne lykwols noch net útwurke en der is ûnrest oer yn de lânbousektor. Ek freegje de Keamerleden no om omtinken foar de greidefûgels yn de bûtendykse gebieten fan ûnder oare It Fryske Gea.
Dêroer hat earder ek wolris diskusje west tusken it BFVW (Bond van Friese Vogelwachten) en It Fryske Gea wêrby't doe ek dúdlik makke is dat ek de belangen fan de Waadfûgels betsjinne wurde moatte yn dit gebiet dêr't it ek net goed mei giet.