Provinsje wol sinneparkplannen yn bûtengebiet foarlizze oan in 'sinnetafel'

Provinsje Fryslân sil plannen foar sinneparken yn it bûtengebiet tenei beprate oan in 'sinnetafel', in oerlis fan bestjoerders fan gemeente en provinsje mei enerzjykoöperaasjes en saakkundige adviseurs, lykas in lânskipsarsjitekt. De provinsje sil de plannen hifkje oan de hân fan ferskate kritearia lykas de ynpasberens yn it lânskip, de grutte en it draachflak. "As oan dy kritearia foldien wurdt, kin it ljocht samar op grien komme te stean", seit deputearre Sietske Poepjes.
© Shutterstock.com (Pfalzdrone)
Provinsjale Steaten hawwe woansdei grien ljocht jûn foar dizze oanpak. Sinneparken op lânbougrûn bliuwe as it oan Provinsjale Steaten leit wol 'útsûndering'. Deputearre Poepjes sjocht de panielen leaver op dakken fan huzen of bedriuwen of op stikjes grûn dy't oer binne.
"We wolle de enerzjytransysje net tsjinwurkje, mar we wolle ús Fryske lânskip net mear skeine as nedich", seit Poepjes dêr oer. De provinsje hat hjirfoar in 'sinneljedder' ûntwikkele. Dakken fan huzen en bedriuwsgebouwen steane boppe-oan, lânbougrûn hielendal ûnder oan.

Gemeenten hawwe net it lêste wurd

Ferskate Fryske gemeenten reagearren earder kritysk op de plannen fan de provinsje foar skerpere kritearia foar sinneparken. Gemeenten as De Fryske Marren, Eaststellingwerf en Opsterlân wiene benaud dat de provinsje mooglik plannen tsjinhâlde sil fan enerzjykoöperaasjes dêr't al in moai skoft oan wurke wurdt.
Dy gemeenten binne drok dwaande mei plannen om enerzjyneutraal te wurden en sitte net te wachtsjen op nije regels dy't dat stribjen yn it paad sitte. Mar neffens Poepjes is dat grif net it útgongspunt. "Wethâlders of enerzjykoöperaasjes mei plannen meie my altyd belje, mar de provinsje hat it lêste wurd, want sa is it wetlik regele."
Deputearre Sietske Poepjes