De jierwiksel-brânbult yn Sumar giet dit jier net troch

It is al lang in tradysje yn it doarp: mei de jierwiksel stekke de jongelju fan Sumar in grutte bult houtôffal yn 'e brân. Mar de jierlikse brânbult giet dit jier net troch. De gemeente Tytsjerksteradiel hat dat mei de organisaasje besletten yn ferbân mei it coronafirus.
© Gemeente Tytsjerksteradiel
De jongelju fan Sumar binne gewoanwei dagen dwaande om mei trekkers en weinen hout oan te slepen. Tsjin middernacht giet it hout yn 'e brân en de doarpsbewenners kinne dêrnei in drankje helje.