Sa'n 3.000 ynstjoeringen foar nammen nije Arriva-treinen

Sa'n 3.000 nammen binne foar de nije treinen fan Arriva ynstjoerd. De ferfierder hie de wedstriid 'Geef onze trein een naam' útskreaun om sa oan nammen te kommen foar de nije treinen. It moasten favorite bestimmingen yn Fryslân en Grinslân wêze.
© Arriva
It tal ynstjoeringen is heger as yn 2005 doe't de oprop foar treinnammen ek alris dien wie. Neffens Anne Hettinga fan Arriva sitte der no in pear spektakulêre tusken.
Mei Avine Fokkens, Fleur Gräper, Ben Woldering, Nynke de Jong, Joop Mulder en Evert van Dijk sit er yn de sjuery. Se kieze 36 bestimmingen, dêr't dan op stimd wurde kin. Stimme kin fan 1 oant en mei 6 desimber op www.arriva.nl/namenwedstrijd.
Begjin 2021 makket Arriva de 18 nammen bekend, dy komme op de nije WINK-treinen.