PvdA set Habtamu de Hoop op plak 10 fan kandidatelist

De PvdA set Habtamu de Hoop fan Wommels op plak 10 fan de foarriedige kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezings. Hy is de heechst notearre Fries. Christa Oosterbaan fan Skylge stiet op 20.
© Omrop Fryslân, Oane Hoekstra
De 22-jierrige De Hoop sit foar de PvdA yn de ried fan Súdwest-Fryslân. Lanlik waard er bekend as presintator fan Het Klokhuis. Oosterbaan is fraksjefoarsitter foar de partij op Skylge. Yn 2017 stie se ek al op de list foar de Twadde Keamerferkiezingen. Oosterbaan wie doe de heechste Fries op plak 20. De PvdA helle by de foarige ferkiezingen mar njoggen sitten, in djiptepunt.
Yn de peilingen stiet de partij op it stuit tusken de tolve en sechstsjin sitten.
Yn 2011 waard Habtamu de Hoop al ferneamd yn Fryslân troch 'Keatsen foar dummies':