Takom jier dochs reinbôgeflagge op gemeentehûs Eaststellingwerf

De gemeente Eaststellingwerf hinget tenei alle jierren in reinbôgeflagge op op Coming Out Day. De ried hat dat unanym besletten. It beslút falt nei in diskusje mei in soad opskuor earder dizze moanne, wêrby't in moasje fan wantrouwen yntsjinne waard.
De progressflagge © Shutterstock
De fraksje fan Wij Lokaal, mei stipe fan StellingwerfPLUS en it riedslid Ter Heide, fûn dat wethâlder Esther Verhagen yn striid hannele mei in earder riedsbeslút, troch op 9 oktober de flagge op te hingjen by it gemeentehûs. It gong de partijen om in proseduereflater dy't de wethâlder makke ha soe, want yn 2016 wie besletten om de flagge net te hisen op gemeentlike gebouwen. Dat hearde net, fûn de ried doe. In moasje fan wantrouwen tsjin de wethâlder helle it net.
De ried dy't der no sit tinkt der oars oer as de ried fan 2016. GrienLinks, de VVD, Ooststellingwerfs Belang, D66, PvdA en Simon ter Heide kamen no mei in moasje om misferstannen út de wrâld te helpen en tenei de flagge te hisen. Troch alle kommoasje sei it CDA ek 'ruimhartig' tsjinoer it foarstel te stean. Uteinlik waard de moasje unanym oannaam.
Sa kin de flagge takom jier op Coming Out Day út. It giet yn Eaststellingwerf net om de tradisjonele reinbôgeflagge, mar om de progressflagge. Dy stiet foar mear ynklusiviteit en foarútgong.