Ljouwert wol skea Cambuurstadion ferhelje op ûntwikkelder: "Leafst gjin lange prosedueres"

De gemeente Ljouwert wol skea dy't ûntstien is troch it weromlûken fan Wyckerveste as ûntwikkelder fan it nije Cambuurstadion ferhelje op de projektûntwikkelder. Dat meldt it gemeentebestjoer yn in brief.
© Omrop Fryslân
De gemeente stelt de projektûntwikkelder yn de brief oanspraaklik foar de kosten dy't makke binne, en noch makke wurde. "Nu al is duidelijk dat de schade aanzienlijk zal zijn", stiet yn de brief. Wethâlder Hein de Haan kin no noch net sizze hoe grut oft de skea presys is, seit er. Dat moat noch ynventarisearre wurde. "Mar we binne no drok oan de gong mei it grûnwurk bygelyks. We moatte sjen wat ferhelber is en wat net."
Wethâlder Hein de Haan fertelt wêrom't Ljouwert in skeaclaim yntsjinnet
De bou fan it nije Cambuurstadion is foarearst fan de baan, no't Wyckerveste him weromlutsen hat. De ûntwikkelder soe de business case foar de bou fan it nije stadion net rûn krije kinne. De Haan hopet noch op in trochstart: "Dêr sette we op yn. Wyckerveste krijt it net rûn, dat betsjut dat wy mei oare partijen fierder moatte."
Gjinien sit te wachtsjen op lange prosedueres, mar as we der net útkomme, dan sil dat wol barre.
Wethâlder Hein de Haan fan Ljouwert
Wyckerveste seit dat de gemeente te let is mei it opsizzen fan de oerienkomst en wol just kosten ferhelje op Ljouwert. De ûntwikkelder seit dat Friese Poort, dat ek yn it projekt sit, him net oan de ôfspraken hâldt. Dêrtroch hat Wyckerveste in gat fan 13,3 miljoen euro yn de begrutting. "Gjinien sit te wachtsjen op lange prosedueres", seit De Haan. "As we der net útkomme, dan sil dat wol barre, mar we wolle dat foarkomme."
Oer in trochstart hat De Haan no noch neat te melden. "We sille der dizze wike mei dwaande. We moatte sjen wat mooglik is, dêr ha we even de tiid foar nedich." Wyckerveste skriuwt dat se meiwurkje wolle as in oare partij de ûntwikkeling oernimme wol.

Bou parkearterrein en supermerken giet troch

Earder waard al dúdlik dat de gemeente de wurksumheden ôfrûnet dy't al dwaande wiene, lykas de ynrjochting fan de iepenbiere romte en de oanlis fan it parkearterrein op De Zwette. Bouwgroep Dijkstra Draisma realisearret de supermerken Jumbo en Aldi neffens de ôfspraken. Dy sille yn it foarjier fan 2021 de doarren iepenje.