Fytsbrêge Ritsumasyl trije wiken ticht fanwege skea troch lânbou-ark

De biokomposyt fytsbrêge yn Ritsumasyl kin fan nije wike ôf net brûkt wurde troch fytsers. De brêge hat in skoftsje lyn skea oprûn, trochdat der twa lânbouweinen oerhinne riden binne. Dêr is de brêge net op boud. Saakkundigen besjogge de kommende tiid oft de binnenkant fan de brêge ek skea oprûn hat.
© Project Drive
As it needsaaklik is, wurdt dy skea ferholpen. It betsjut dat der kommende wike net oer de brêge fytst wurde kin, rinne kin wol. De wike dêrnei is de brêge hielendal ticht en dêrnei kin der noch wer in wike allinne oer rûn wurde.
Mids desimber moat al it wurk oan de brêge fan Ritsumasyl klear wêze.