Unike kleurebylden opdûkt fan Abe Lenstra yn aksje foar Hearrenfean

It binne unike filmbylden fan de bêste Fryske fuotballer ea: de grutte Abe Lenstra stapt yn 1948 it fjild op foar in wedstriid tsjin Haarlem. Abe is dúdlik te sjen, mei de brune bal yn syn hannen en de kúf yn it hier. De spilers fan Haarlem binne ek goed te werkennen, mei troch de reade broeken dy't se oan ha. Ek de reade pompeblêden op it blau-wite shirt fan Lenstra binne goed te sjen, want de bylden binne yn kleur.
Unike kleurebylden opdûkt fan Abe Lenstra yn aksje foar Hearrenfean
Tiisdeitemiddei binne de kleurebylden út 1948 oanbean oan Sietske Poepjes, de Fryske deputearre fan kultuer. Se komme fan in 8mm-filmke fan de Dokkumer amateurfilmer Andries Oeds Brouwer. Se sieten 'ferburgen' op in filmspoel tusken ferskate swart-wytbylden fan Brouwer út de jierren 1947-1949. Te sjen is de wedstriid tusken Hearrenfean en Haarlem fan 6 maaie 1948. Kleurebylden fan Nederlânsk topfuotbal yn de jierren fjirtich binne tige seldsum. It filmke duorret sa'n trije minuten.

"Abe wie in fenomeen"

De bylden wurde fûn wannear't dokumintêremakker Piter Tjeerdsma by it Fries Film Archief komt mei de fraach om bylden fan Abe Lenstra. Tjeerdsma is dwaande mei de dokumintêre 'Dûnser mei de bal - 100 jier Abe Lenstra'. "Abe wie in fenomeen. Alle minsken dy't him sjoen ha, binne lyrysk oer him. Dus dêr woe ik in film oer meitsje. Mar dan wolst wol wat taheakje. En de measte minsken kenne Abe allinnich fan ferhalen, folle bylden fan him binne der eins net. Sa bin ik útkaam by it Fries Film Archief."
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar sjocht mei Syds Wiersma nei it kleurefilmke
Op it momint dat hy de bylden sjocht, wit filmargivaris Syds Wiersma dat hy wat bysûnders fûn hat. "Kleurebylden fan krekt nei de oarloch binne altyd unyk. En dan ek noch fan Hearrenfean, mei ien fan de grutste Nederlânske fuotballers ea. Ik kin gjin oare kleurebylden fan dit nivo fan fuotbaljen út die perioade."

Abe makket fjouwer doelpunten

Hearrenfean tsjin Haarlem is ien fan de krúsjale wedstriden yn de striid om de lânstitel yn 1948. It is ek de clash tusken twa grutte spitsen fan it Nederlânsk fuotbal yn dy jierren: Abe Lenstra en Kick Smit. Mei Faas Wilkes foarmje sy de ferneamde stripfiguer Kick Wilstra. Yn in spannend duel wint Hearrenfean mei 4-3 fan Haarlem. Abe skoart fjouwer kear.
Sjoch hjir nei it folsleine filmke út it Fries Film Archief:
Spitigernôch is gjinien fan de fjouwer goals fan Lenstra te sjen op de bylden. "Dat is wol wat tragysk ja", laket Wiersma. "De filmmakker lit in soad fan de wedstriid sjen, mar gjin goals fan Abe. Wol twa goals fan Haarlem, wêrfan ien fan Kick Smit. Neffens de ferhalen wie benammen de 4-3 fan Abe in moaie goal. In 'snoeihurd' skot fan tweintich meter. Neffens de krante út dy tiid hat de keeper de bal nea sjoen. It hie fantastysk west wannear't we dy op byld hiene."
Dokumintêremakker Tjeerdsma sjocht dat krekt wat oars. "Abe hat de doelpunten makke. En dat we se net yn byld sjogge, dat is dan mar sa. Der moat ek wat foar ús ferbylding oerbliuwe fyn ik."

Gjin kampioen yn 1948

Uteinlik grypt Hearrenfean yn 1948 krekt neist de lânstitel. BVV Den Bosch wurdt kampioen mei ien punt foarsprong op de Feansters yn de kampioenspûl. Utsein de kleurebylden fûn Wiersma ek inkelde bysûndere swart-wyt bylden fan Abe Lenstra, ûnder oare yn koarte filmkes fan de wedstriden Hearrenfean-Feijenoord (1943) en Hearrenfean-SVV (1949).
Op freedtejûn 27 novimber, de dei dat Abe Lenstra 100 jier âld wurden wêze soe, stjoert Omrop Fryslân in ynterview út dat Willem Duys yn 1971 mei Abe hie yn syn ferneamde programma 'Voor de vuist weg'.
De dokumintêre 'Dûnser mei de bal - 100 jier Abe Lenstra' wurdt op 28 novimber útstjoerd troch NPO2 om 15.30 oere (werhelling snein 29 novimber om 13.10 oere). Op snein 29 novimber om 17.00 oere is de film te sjen by Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).