'Wy komme werom!' Hoareka fiert aksje om coronatiid troch te kommen

De hoareka yn Fryslân set tiisdei útein mei in aksje om troch dizze drege tiid te kommen. Op kroegen en restaurants komme posters te hingjen mei de tekst wy komme werom! De start fan de kampanje is by kafee Scooters yn Ljouwert. "We misse de minsken en we wolle sa graach ludyk witte litte dat we der binne", seit eigener Ton Eijer fan Scooters.
Aksje hoareka
Eijer is ek foarsitter fan it Ljouwerter hoarekabûn. It nijs fan tiisdei is dat it Outbreak Management Team seit dat de maatregels foarearst net fermindere wurde kinne. Eijer hie der ek net op rekkene. "It is tryst, mar we seagen it wol oankommen", seit er. "We hiene hoop om mids desimber noch wat te dwaan, mar dat hie ek al hiel dreech wurden."

It is in 'way of life'

It is de safolste tebeksetter foar de hoarekawrâld. "We binne wol wat wend yntusken. By de earste lockdown koene guon noch wat dwaan mei in terras. No komt dit wol wer hurd oan, we misse it perspektyf wat. Hoareka is foar ús in way of life."
De posteraksje by Scooters © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Der binne al wat hoarekasaken omfallen en benammen yn de doarpen sykje útbaters oar wurk foar in ynkommen. "Hoe langer it duorret, hoe dreger it wurdt. Minsken moatte personiel dien jaan en úteinlik de hiele kroech ticht."

Oandacht op ús fêstigje

No is der dus in aksje om de minsken witte te litten dat de hoareka der noch is. In protte minsken steane ek te springen om wer even nei de kroech te gean of út iten. "Dêr sit ik ek net oer yn, de minsken komme wol werom. Mar sa kinne we de oandacht noch wat op ús fêstigje."
Ton Eijer fan kafee Scooters en boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust