Tolhúsbad yn Dokkum wol gloargeur kwyt en stapt oer nei sâltelektrolyze
It swimbad Tolhúsbad yn Dokkum sil tenei gebrûk meitsje fan sâltelektrolyze yn stee fan gloar om it bad te desynfektearjen. Dêrtroch hoecht der dus gjin gloar mear opslein transportearre te wurden. Dit is better foar it miljeu en der sil ek minder stankoerlêst wêze foar besikers en omwenners.

In grut foardiel fan de nije technyk soe wêze dat der gjin gloardamp om it swimbad hinget en dat de hûd nei ôfrin fan it swimmen net mear nei gloar rûkt. It gloar is lykwols net hielendal ferdwûn út it wetter. By sâltelektrolyze wurdt natrium nammentlik fan gloride skieden, en dat wurdt dan brûkt om it wetter te desynfektearjen.
De gemeente Noardeast-Fryslân hat ynvestearre om dizze nije wize fan desynfeksje mooglik te meitsjen.