De oanlis fan Voedselbos Ouwe-Syl set lang om let útein: “Wij sette deur”

It projekt hie al in lange oanrin, mar lang om let wurde dochs de earste stappen set om in Voedselbos yn Aldebildsyl oan te lizzen. Yn de bosk oan de râne fan it doarp moatte allegearre fruchten, beammen en planten ferboud wurde dy't je ite kinne. Inisjatyfnimmer Jan de Vries is der bliid mei: "Dut bos kon wel 'n update brúkke. En soa kon ik wat foor 't dorp betekene."
Jan de Vries fan it Voedselbos yn Aldebiltsyl © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Der moat fan alles barre yn it gebiet, leit De Vries út. En der is ek al wat dien. "D'r is 'n groate fiver groeven en d'r mosten feul bomen út, want d'r stonnen 'n prot sike essen in. 't Bos waar toe an 'n opknapbeurt. Soa binne wij drie weken an 'e gang weest met rooien, fersnippere en ferwerke fan 't hout in 'hugelbedden'. Fan de grônd út de fiver hewwe wij heuvels maakt en der hewwe wij de boomstammen in deen, soadat se starigan fertere en hur foedingsstoffen ôfgeve. Der profitere planten dan weer fan."

Natuer, mar ek moetingsplak

It Voedselbos wurdt net allinne in plak foar de natuer, mar ek foar de minsken. "'t Middengebied is soafeul mooglik kaal maakt en der komt 'n hôf met fruitbomen. Deronder komme baaiestrúkken en faste planten. Permakultuur werkt in ferskillende lagen. Wij binne met 't dorpsbelang doende om bruchetsys te maken, soadatstou 'n leuk rondsy lope kinst. 't Mot de saamhorighyd fergroate en 'n ontmoetingsplak worre. En fansels motte d'r soafeul mooglik eetbere dingen in groeie."
Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Jan de Vries
Jan de Vries fan it Voedselbos yn Aldebiltsyl © Omrop Fryslân, Willem de Vries
De plannen foar it Voedselbos leine der al lang. "'t Is in 2009 begonnen doe't de finansjele krisis d'rin hakte. Der maakte ik mij wel sorgen over. Ik docht: meskien motte wij as mîns werom na de kern. Dat is niet soafeul: foeding, 'n dak boven 't hoofd. Ons foedselsysteem is och soa kwetsber. Elkeneen gaat d'r fanút dat alles in de súppermet te krijgen is. Maar wij hewwe nou al met de koronakrisis sien hoe gau 'n súppermet leeg weze kin. Neffens mij motte wij wat meer selsfoorsienend worre. Lokaal foedsel tele, sonder gifstoffen en sonder kûnstmest."

"Wij sette deur"

Yn 2016 hat Jan de Vries in oplieding 'Permacultuur' foar in jier dien. "Der most ik 'n plan foor make en doe hew ik 't idee foor dut bos bedocht. Fia 't dorpsbelang hewwe wij dat presinteerd en wij hadden al gau twintig frijwilligers. Doe is d'r 'n stichting opricht. Wij hewwe derna fier jaar wusseld met 't krijen fan 'n fergunning."
De fertraging hie ek te krijen mei it foarmjaan fan de nije gemeente Waadhoeke, jout De Vries oan. Mar it komt no goed, tinkt hy: "We hewwe 't nou deurstaan. Wij sette deur."
Jan de Vries leit út wêr't syn ideeën oer it Voedselbos wei komme
© Omrop Fryslân, Willem de Vries