Gjin lanlike frijstelling foar jacht op stienmurd
De stienmurd komt net op de saneamde lanlike frijstellingslist foar it bejeien te stean. Dat hat minister Carola Schouten fan Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit moandei de Twadde Keamer witte litten yn in brief.

Op bisten op dy list kin frij jage wurde, mar dat sit der foar de stienmurd net yn. De minister wie troch in moasje út de Twadde Keamer oproppen om yn petear te gean mei de provinsjes om de oerlêst fan it rôfbist te beheinen. De provinsjes Grinslân, Fryslân, Gelderlân, Noard-Brabân en Limburch hawwe al wol sels frijstellingen ôfjûn op de Natuerbeskermingswet om romte te jaan foar de bestriding fan de stienmurd.
Allinne Fryslân
Allinnich Fryslân wol dat de jacht lanlik frijjûn wurdt. De oare provinsjes fine dat je de rezjy dêroer by de provinsjes litte moatte. Minister Schouten oerleit noch wol mei provinsje Fryslân, mar hat al wol witte litten dat dy lanlike frijstelling der net komt. Neffens har hawwe de provinsjes genôch middels om oerlêst troch stienmurden te bestriden.