Gemeenteried moat moandei beslute oer nijbou fan De Stelp op It Amelân

De tiid wurdt hieltyd krapper foar soarchsintrum De Stelp op It Amelân. Foar 31 desimber moat de gemeenteried in beslút nimme oer de nijbou. Op dy datum rint de oerienkomst tusken de KwadrantGroep en de gemeente ôf. Moandeitejûn sil der oer praat wurde yn de gemeenteried en partij Algemeen Belang Ameland hat yn in brief oan alle Amelanners skreaun dat der jûn echt in kar makke wurde moat.
De Stelp © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Al sûnt 2004 wrakselet It Amelân mei de plannen foar in nij soarchsintrum foar âlderein. "It gebou sels is efterhelle. It stiet al 56 jier. Minsken kinne net mear terjochte mei harren scootmobilen en de keamers binne te lyts," leit riedslid Jan Wijnberg fan Algemeen Belang Ameland. "It is no of nea, as it no net slagget wit ik it net. Soarchfersekerder De Friesland hat ek 1,3 miljoen euro tasein, mar dan moat der wol foar 31 desimber in beslissing lizze."
De gemeente freget de riedsleden om yn te stimmen mei it tariedingskredyt fan 875.000 euro. Mar der binne noch genôch riedsleden dy't fragen hawwe oer dizze jildstreamen. Op 1 jannewaris 2021 fusearret De Friesland mei Zilveren Kruis, en dêrmei ferrint ek de garânsje foar de 1,3 miljoen euro. De gemeente Amelân hat 3,2 miljoen euro yn de begrutting opnaam foar it plan, mar dêrmei is mar de helte fan it plan te beteljen. De 1,3 miljoen fan De Friesland moat dus binnenhâlden wurde.

"It moat slagje"

Dêrom dus de brief en de oprop. "As it net slagget, kin it sa wêze dat âlderein yn de takomst net mear op it eilân terjochte kin. Dat is in nachtmerje. Dan moatte bern nei it fêstelân om op besite te gean by pake en beppe. Dat moat net. Ik bin in optimistysk minsk, mar je witte it noait. Der binne 11 riedsleden, wy hawwe der 6 nedich."
Fan It Amelân krijt Wijnberg meast positive reaksjes, jout er oan. "Guon wolle it ek op it selde plak, mar dêr hawwe wy twa jier mei dwaande west en dat slagget net. Der is te min romte en it kostet te folle jid om foar ferfangende wenromte. De oerlêst soe grut wêze. It kin gewoan net op itselde plak."
Riedslid Jan Wijnberg