Ljouwerter keunstner makket 'ûneinich keunstwurk': "It giet langer mei as iksels"

De Ljouwerter keunstner Catrinus Spinder wurket no in jier oan in skilderwurk sûnder ein. Hy hat yntusken 40 meter oan platen beskildere. Dy kinne oan elkoar set wurde yn ferskillende foarmen en ûneinich lang of heech wurde.
Keunstwurk sûnder ein
Spinder ûntduts de saneamde splitplaten fan recycle plastic yn in boumerk. Dy tsjinje as ûndergrûn foar kiezelpaden. De 66-jierrige keunstner brûkt se foar syn skilderwurk. Mei it skilderwurk sûnder ein wol Catrinus in kado jaan oan it libben.
"It kin wol 400 meter wurde as ik de leeftiid helje. Ik kin dermei trochgean oant ik der net mear bin. Dan is it dien. Mar je kinne it begjin en it ein oan mekoar sette. It bliuwt ûneinich."
It hûs fan Catrinus Spinder fol mei wurk © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Parten fan it objekt binne al tentoansteld yn in eksposysje mei meardere keunstners. Yn it wurk fan Spinder spilet it miljeu in grutte rol. Hy brûkt in soad recycle-guod en faak goedkeape materialen. Skilderingen fan natuer en lânskippen komme der yn foar. Yn abstrakte foarm, mar ek mei ôfbyldingen fan gesichten, blommen, fisken, clowns, apen of in alligatorskedel.

Duorsumheid

"De gedachte derachter giet oer kwetsberheid en it giet ek oer duorsumheid. Dit wandobjekt is in produkt dat net mear fergiet. It giet langer mei as iksels."
Spinder makket yntusken al sa'n fjirtich jier skilder- en ynstallaasjekeunst. Syn eksposysjes binne benammen yn it Noarden. Under oare it Fries Museum hat wurk fan him yn de kolleksje. Hy die ek opdrachten foar bygelyks in byldetún yn Frjentsjer en hy makke it logo fan de Sosjale Tsjinst fan Ljouwert.
Yn april komt in solo-eksposysje fan it ûneinich wandobjekt yn galery Roos van Tudor yn Ljouwert.