Ledestop by 'Voedselcoöperatie Us Iten' yn Sibrandabuorren fanwegen coronadrokte

Dat wy it ôfrûne jier hieltyd faker sels yn de keuken stean en mear tinke om sûn iten, fernimme se ek by 'Voedselcoöperatie Us Iten' yn Sibrandabuorren. Hjir kinne leden sûne en duorsume produkten bestelle, lykas griente, fruit, fleis en suvel. Op dit stuit jildt der in ledestop, om't inisjatyfnimmers Michel en Bregje Hamelynck fan Us Iten it tal bestellingen oars net mear oan kinne.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Michel en Bregje Hamelynck hawwe in grutte selstúnderij mei de namme Us Hôf. Sûnt 2016 binne se úteinset mei de 'Voedselcoöperatie'. Elkenien kin by de koöperaasje suvel, fleis, huning, griente en fruit bestelle. "It binne allegear produkten wêrfan't wy witte wêr't it weikomt en dat makket it sa leuk", fertelt Bregje Hamelynck . Se fernimt dat it de lêste tiid allinnich mar drokker wurden is. "Wy ha op it stuit in ledestop, om't it oars te drok wurdt om alle bestellingen klear te meitsjen."
Se leit út hoe't it bestellen krekt wurket. "Minsken kinne harren bestellingen dwaan op ús webshop. Minsken kinne hjir yn ús tún coronaproof iten ophelje. Foar minsken dy't dêr sels gjin tiid foar ha, meitsje wy pakketten. Dêr sit fan alles yn, ek fan oare produsinten út de omjouwing."
Bregje Hamelynck fan Voedselcoöperatie Us Iten
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Corona makket minsken ekstra skerp op wêr't harren iten weikomt, fernimt Bregje Hamelynck. "Ik tink dat minsken mear bewust wurden binne fan de kwetsberens fan ús 'voedselketen' en hieltyd better snappe hoe wichtich it is om sûn te iten."
En dat jildt net allinnich foar Sibrandabuorren. Yn allerhanne doarpen ûntstean dit soart inisjativen, wêryn't ferienings en koöperaasjes sels iten meitsje foar minsken út de omjouwing. "Wy fernimme dat der in hiel soad belangstelling is foar ús inisjatyf. Wy helpe ek oare doarpen om soks op te setten."
Se is allinnich mar bliid dat mear doarpen dizze wize fan iten meitsje oernimme. "Wy kinne de fraach op dit stuit sels amper oan. It is moai om de leden te fersprieden oer de provinsje as der nije oanbieders binne. Dan kinne wy elkenien fan sûn en duorsum iten foarsjen."
Ferslachjouwer Johanna Brinkman sjocht yn de selstún fan Bregje Hamelynck