Ljouwerter hoareka libbet noch, ek al is dat no online

De Ljouwerter hoareka hat it dreech, mar sit noch fol enerzjy. Mei de 'Leeuwarder Online Horeca Dag' wolle se de klanten sjen litte dat se der noch binne. "Nu ze niet kunnen komen, komen wij gewoon online bij de mensen thuis."
Grutte online aktiviteit Hoareka Ljouwert
"De horeca in Leeuwarden leeft! En dat gaan we laten zien ook." Horecaman Ferdinand Klugt sit al sûnt maart thús. De nachthoareka moast doe ticht en hat net mear iepen west. "Er zit best veel pijn. Dat je je werk niet kunt doen. Dat waar je goed in bent." De moed heech hâlde is dan ek it boadskip.
Fia in livestream wolle se ûndernimmers yn it sintsje sette: "We willen het publiek laten zien waar je lekker eten kunt laten bezorgen. Zodat die diensten nog beter gaan lopen."
Mar moed hâlde is dreech. Klugt: "Er zullen mensen zijn die hun baan verliezen. Toch ben ik niet bang dat veel zaken verdwijnen." Hy hat dan ek fertrouwen yn de takomst: "Iedereen die ik ken in de horeca hoort wel van klanten dat ze niet kunnen wachten om weer ouderwets op stap te gaan."
De stream is sneontemiddei en -jûn te folgjen fia www.horecalwd.nl