Motorrider swierferwûne nei fal op Lemmerweg by Snits

Op de Lemmerweg (N354) by Snits is freedtejûn in man op in motor swierferwûne rekke by in iensidich ûngelok. Meardere helptsjinsten, wêrûnder in traumahelikopter kamen te plak.
© CAMJO media
De motorrider gie troch in noch ûnbekende oarsaak ûnderút by in rotonde. It slachtoffer is behannele troch it ambulânse-personiel en in trauma-dokter. Hy is dêrnei ûnder begelieding fan de trauma-dokter nei it sikehûs yn Grins brocht.
De plysje sil in ûndersyk starte nei it ûngelok.