Froulju SC Hearrenfean winne ienfâldich fan Excelsior

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe freedtejûn yn de earedifyzje ienfâldich wûn fan Excelsior. Op Sportpark Nijhoarne waard it 3-0 foar de Friezinnen.
Goals SC Hearrenfean-Excelsior froulju
Al by it skoft gie Hearrenfean mei in romme marzje oan de lieding. Francisca Cardoso, Samantha Dewey en Tiny Hoekstra brochten de stân yn de earste helte op 3-0.
De Fryske froulju hiene al harren krûd blykber al yn de earste helte fersketten, want yn de twadde helte kamen se net mear ta skoaren.
Froulju SC Hearrenfean winne ienfâldich fan Excelsior

Fiifde plak

Nettsjinsteande de oerwinning bliuwe de froulju fan SC Hearrenfean mei tsien punten út acht wedstriden op it fiifde plak yn de earedifyzje. De ploech moat by de earste fjouwer einigje om yn de kampioenspûl telâne te kommen. Op dit stuit stiet ADO Den Haag noch op dat fûlbegearde fjirde plak, mei trettjin punten út acht wedstriden.
Samantha Dewey fiert har doelpunt © www.orange-pictures.nl