Ek takom jier elke wike in tsjerketsjinst by Omrop Fryslân
Omrop Fryslân stjoert ek takom jier elke snein in tsjerketsjinst út op telefyzje en online. De tsjinsten foarsjogge dúdlik yn in ferlet sa hat de ôfrûne moannen bliken dien. Elke wike sjogge der tusken de 40.000 en 60.000 minsken nei.
De Omrop stjoert al in tsjerketsjinst út sûnt it útbrekken fan de coronakrisis, mei ûnderbrekking fan de simmer. Dêr wurdt massaal nei sjoen net allinnich yn Fryslân mar ek fier dêrbûten. Ek smite de tsjinsten in soad reaksjes op. De geweldige belangstelling fan it publyk hat haadredakteur Ingrid Spijkers fan de omrop ferrast. En dêrom is no besletten om yn oerlis mei de tsjerken takom jier mei de tsjinsten fierder te gean.
It idee foar út trochsetten fan de tsjinsten komt fan dûmny Wim Beekman, klassispredikant fan Fryslân. Syn idee is ûnderbrocht by de wurkgroep tsjerketsjinsten yn Fryslân, in gearwurking binnen de ried fan tsjerken yn Fryslân. Dizze groep organisearret de útstjoering sawol organisatoarysk as finansjeel yn gearwurking mei de Omrop.
Foarsitter fan de wurkgroep is Maaike van Dijk. Sy is de âld-foarsitter fan de tsjerkeried fan de protestantske gemeente yn Frjentsjer. Ut de Martinitsjerke yn dizze stêd wei binne sûnt it útbrekken fan corona yn maart de measte tsjerketsjinsten útstjoerd.
Regio's
De organisaasje is fan jannewaris ôf wol oars as oant no ta. Ut de wurkgroep wei is Fryslân opdield yn tolve regio's. Yn elk regio wurdt in tsjerke út socht dêr't dan in moanne lang de tsjinsten wei komme.
Yn jannewaris is dat de Trinitas-tsjerke op It Hearrenfean. Foarsitter Bert van het Meer fan de protestantske tsjerke fan Hearrenfean seit dat syn tsjerke der in soad sin oan hat, al is it ek wol spannend. Yn febrewaris is Burgum oan bar. De tsjerken yn de moannen dêrnei binne noch net bekend.