HEA! Knippe yn de caravan

Kappers fynst op eltse hoeke fan de strjitte, dus om op te fallen moatst wat oars betinke. Kapper Rabii Mokdad knipt dêrom út in Airstreamer-caravan wei. Dat is in Amerikaanske sulverkleurige caravan mei in streamline-bûtenkant. Earst woe Rabii mei syn mobile kapsalon foaral op festivals en konserten stean, mar corona kearde dat op. Dêrom stiet de kapper mei syn caravan no rûnom yn stêden yn it Noarden.
HEA! Airstreamkapper