Boargemaster Buma slút wente yn Ljouwert fanwegen harddrugs

Boargemaster Sybrand Buma fan de gemeente Ljouwert hat tongersdei in drugswente sletten oan de Dokkumerstraat yn Ljouwert. Yn de wente waarden op 30 july fan dit jier ûnder oare harddrugs oantroffen.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Yn de wente fûn de plysje in hannelshoemannichte MDMA, amfetamine, heroïne en 2CB. Ek waard der drugsrelatearre guod, lykas in skealtsje, en in luchtdrukwapen mei munysje oantroffen.
De wente bliuwt foar seis moannen sletten.