Rykskommisje: it Waad moat in nij Nasjonaal Lânskipspark wurde

It Waadgebiet moat in nij soarte nasjonaal park wurde, in saneamd Nationaal Landschapspark. Dat seit de Rykskommisje Verkenning Nationale Parken yn in rapport dat freed ferskynt. Under it nije park falt it hiele Waadgebiet: de eilannen, in râne Noardsee, it Lauwersmar en oare parten fan it kustgebiet. In nasjonaal lânskipspark is nij. Dêr soenen fiif fan komme moatte, wêrby't it Ryk mear as no de rezjy hat oer it behâld fan de kwaliteiten fan sa'n park.
Waad moat nij Nasjonaal Lânskipspark wurde
Yn 2014 kaam út de Twadde Keamer de winsk foar in nije soart nasjonale parken, wêrby't net allinnich omtinken is foar de bysûndere natuer, mar ek foar it lânskip en it kultureel histoarysk erfgoed. Boppedat giet it om gebieten dy't fan ynternasjonale betsjutting binne. De winsk kaam ûnder oare fan Lutz Jacobi, dy't foar de PvdA yn de Keamer siet.
Op fersyk fan Steatsboskbehear en de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed hat de kommisje Verkenning Nationale Parken sjoen oft der gebieten binne mei dy kombinaasje. Dizze kommisje stiet ûnder lieding fan Pieter van Vollenhoven en hat fiif fan sokke gebieten fûn, wêrûnder dus it Waadgebiet. Dêrûnder falle de eilannen mei in stik Noardsee, it terpelânskip boppe Dokkum en Grinslân en de Lauwersmar. Ek it eardere eilân Wieringen moat derûnder falle.

Gjin ekstra beskerming

De kommisje seit dat de nije parken in unike natuer en natuerlike prosessen hawwe moatte. In oare betingst is "uitzonderlijk menselijk vernuft en/of uitzonderlijke wijzen waarop mensen in wisselwerking in met hun omgeving bijzondere landschappen met unieke ecosystemen hebben gevormd". Sa'n nij Nasjonaal Lânskipspark moat ûnder de rezjy fan it Ryk falle, mar dêr komt gjin ekstra wetlike beskerming efter wei. It gebiet wurdt dus net op slot set.
It sintrale oanstjoeren en behear fan it Ryk soe kinne troch in behearautoriteit sa't dy no al ynsteld is foar it Waad. Yn it rapport wurdt wol sein dat sa'n autoriteit wol wat te sizzen hawwe moat oer bygelyks de romtlike oardering yn in gebiet. Dat is by de hjoeddeiske Waadautoriteit no net sa.

Fjouwer oare parken

Neist it Waadgebiet wurde ek de dunen op it Hollânske fêstelân, de súdwestlike delta mei de Biesbosch, de Veluwe en de IJsseldelta mei dêrby de Weerribben-Wieden nei foaren ta skood foar de status 'Nationaal Landschapspark'.
It gebiet dat ûnder it nije nasjonale lânskipspark Waddengebied falt © Commissie Verkenning Nationale Parken
De nije parken moatte mear wêze as in buordsje by de dyk wannear't je it gebiet ynkomme; it moatte proeftunen wurde foar grutte nasjonale opjeften. Dan giet it om it opknappen fan it bioferskaat, takomstich wetterbehear, stikstofreduksje, CO2-reduksje, it sirkulêr meitsjen fan de ekonomy en it befoarderjen fan de sûnens. Wat it bioferskaat oanbelanget hat it Waad in soad potinsje foar ferbettering. De natuer is yn dat gebiet nammentlik net bot fersnippere. Yn it rapport wurde ûnder oare de ynspanningen om it seewier en de oesterbanken werom te krijen neamd.

"Griene proeftún"

Neist it bioferskaat lykje de measte kânsen yn it Waadgebiet te lizzen op it mêd fan de sirkulêre ekonomy en sûnens. Op oare mêden lizze minder kânsen, sa is der foar alternative boarnen fan enerzjy om de CO2 útstjit te ferminderjen bygelyks net in soad romte.
De kommisje ferwiist nei de hjoeddeistige situaasje om corona hinne as in foarbyld fan hoe wichtich oft in ferbliuw yn 'griene romte' wêze kin foar de sûnens fan minsken. De lânskipsparken wurde neamd as griene proeftunen foar in sûne mienskip. Ek binne der neffens de kommisje al hiele goeie foarbylden yn it Waad te finen dêr't ekonomyske ûntwikkelingen op it mêd fan toerisme, fiskerij en lânbou yn omfang en skaal passend makke binne by it gebiet.
De Brandaris fan it Griene strân ôf op Skylge © Omrop Fryslân/Remco de Vries
Al mei al liket it derop dat de doelen foar sa'n lânskipspark wol wat oerlapingen binne mei besteande plannen en útgongspunten foar it Waad. Dat is ek net frjemd, want it Waadgebiet liket ek as in soarte fan ynspiraasjeboarne brûkt te wêzen foar it opstellen fan it rapport. Mar it rapport is noch mar in advys. Der soe in ûnôfhinklike kommisje fan saakkundigen komme moatte om de foardrachten foar de fiif nije lânskipsparken tsjin it ljocht te hâlden.
Fierder moat der jild komme om de parken op te rjochtsjen en Ryk en provinsjes soene ôfspraken meitsje moatte oer it jild op de lange termyn. Ek moat der fan it Ryk út trochset wurde as provinsjes hielendal of foar in part net meidwaan wolle oan de ûntwikkeling fan in nij lânskipspark. Boppedat moat der net te lang mei wachte wurde, want de druk op de romte yn Nederlân is op it stuit al hiel grut.

Ministers

De kommisje 'Verkenning Nationale Parken' sels wol noch gjin taljochting jaan op de plannen. Sy wachtsje oant dat der op twa desimber praat wurdt mei de ministers fan Lânbou, Natuer en Fiskerij en fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. Mooglik komt it plan al wol oan 'e oarder yn de Twadde Keamer wannear't de begrutting fan it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiskerij ein dizze moanne bepraat wurdt.
It Waad by Koehoal © Omrop Fryslân/Remco de Vries