Liveblog | 20 novimber 2020

Coronanijs fan 20 novimber: Earste faksins nei minsken yn ferpleechhuzen en soarchynstellingen

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus te folgjen.
Bywurke: 20 novimber 2020, 22:52
freed 20 novimber 2020
22:55

Ein fan dit liveblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dit liveblog. Dit wie foarearst it lêste deistige liveblog mei it coronanijs út Fryslân. As it nijs der oanlieding ta jout, starte we wer in nij liveblog.
18:02

Advokaat Canoy oer yndirekte plicht

It kabinet wol dus dat 60-plussers, kwetsbere groepen en soarchmeiwurkers as earste it nije coronafaksin krije. De faksinaasje is fergees en frijwillich. Earder wie der mooglik noch sprake fan in yndirekte faksinaasjeplicht, mar dat liket no fan de baan. Advokaat Bart Canoy fertelde yn it radioprogramma Weistra op Wei oer sa'n yndirekte plicht.
Advokaat Bart Canoy
17:26

Earste faksins nei minsken yn ferpleechhuzen en soarchynstellingen

De earste faksins tsjin it coronafirus sille begjin folgjend jier nei de bewenners fan ferpleechhuzen en minsken mei in ferstanlike beheining dy't yn in ynstelling wenje gean. Dat hat it ministearje fan Folkssûnens freed bekend makket. It giet yn totaal om sa'n 155.000 minsken.
De earste prioriteit is dus de ynwenners fan ferpleechhuzen en soarchynstellingen. As dizze minsken de faksinaasje net krije kinne "komen medewerkers van deze instellingen en mantelzorgers in aanmerking voor de vaccinatie", sa seit it ministearje.
Nei dizze earste twa groepen komme 60-plussers mei in medyske yndikaasje, wêrby't de âldste Nederlanners earst gean. Dan folgje de 60-plussers sûnder medyske yndikaasje, minsken jonger as 60 mei in yndikaasje, soarchmeiwurkers fan dizze groepen en soarchmeiwurkers dy't direkt kontakt mei coronapasjinten hawwe.
15:08

Werstel lânbousektor stadich

It duorret nei alle gedachten noch wol mear as in heal jier foardat de lânbousektor wersteld is fan de coronakrisis. Dat seit ABN Amro yn in rapport oer de agraryske sektor. De coronakrisis hat soarge foar flink legere prizen foar suvel en foaral patat-ierappels. Dat komt troch de lockdown fan 't maitiid, dy soarge derfoar dat der folle minder ferkocht waard oan restaurants, fastfoodsketens en hotels yn Nederlân en it bûtenlân. En dat is no ek wer sa. En ABN Amro hâldt rekken mei in oplibbing fan it firus begjin takom jier.
14:59

Minder as 2.000 coronapasjinten yn Nederlânske sikehuzen

It tal coronapasjinten dat yn de Nederlânske sikehuzen leit, is sakke ta ûnder de 2.000. It is foar it earst sûnt 21 oktober dat it tal ûnder dy grins útkomt. Yn totaal behannelje sikehuzen op it stuit 1.961 minsken fanwegen in coronabesmetting, 69 minder as op tongersdei.
Ferpleechôfdielingen behannelje 1.414 coronapasjinten. Dat binne der 61 minder as op tongersdei. It tal minsken mei Covid-19 op de intensive cares gie fan 555 omleech nei 547.
14:47

Tal lanlike coronagefallen opnij omheech

It tal nije coronagefallen yn Nederlân is opnij omheech gien. Tusken tongersdeitemoarn en freedtemoarn binne 5.974 positive testen registrearre, it heechste tal yn in wike tiid. It RIVM melde tongersdei 5.720 gefallen en woansdei 4.615, mar dat kaam mei troch in technyske steuring.
Ek ferline wike wiene der op woansdei, tongersdei en freed mear positive testen as op moandei en tiisdei. Neffens de GGD'en kin dit komme trochdat yn it wykein minder minsken test wurde as troch de wike. As ien op sneon of snein test is, kin de útslach op moandei of tiisdei bekend wêze.
Yn de ôfrûne sân dagen binne 37.000 positive testen registrearre, fergelykber mei de wike derfoar. Ein oktober, op de top fan de twadde weach, wiene der hast 70.000 positive testen yn in wike.
It tal stjergefallen gie mei 51 omheech. Dat wol net sizze dat al dizze minsken yn it ôfrûne etmiel stoarn binne. Op tongersdei waarden 75 stjergefallen registrearre.
14:15

89 nije coronabesmettingen

Der binne de ôfrûne 24 oeren 89 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der in stik minder as de ôfrûne fjouwer dagen, doe't der alle kearen 102 besmettingen of mear wiene.
De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (24). Dêrnei komme Ljouwert (18) en Waadhoeke (11). Alle oare gemeenten ha acht besmettingen of minder.
Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel trije nije stjergefallen meld. Dat giet om ynwenners fan Smellingerlân, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. Der is ek ien nije sikehûsopname, in ynwenner fan Waadhoeke.
Lanlik binne der 5.974 nije besmettingen fêststeld.
14:06

Freedsmerk: 'De Alvestêdetocht giet boppe alles'

Sterk iis of net, dizze winter krije we gjin Alvestêdetocht. Wiebe Wieling fan de keninklike feriening wie dêr helder oer. Under dizze omstannichheden kin it gewoan net.
Op de Freedsmerk wie der in ferskaat oan mieningen oer it beslút. Sa wie der ek te hearren dat krekt dit evenemint net wike moat foar corona: "As it safier komt, tink ik dat de Friezen oars beslute. De Alvestêdetocht giet boppe alles. As it écht kin, giet er troch!"
12:36

Alle reedriders teste negatyf

Sven Kramer en Ireen Wüst dogge dit wykein net mei oan it NK allround yn Thialf. Kramer is net fit genôch om mei te dwaan oan it toernoai op It Hearrenfean. Wüst hat lêst fan in blaasûntstekking en ferheging. Beide hawwe gjin coronafirus.
Ek alle oare reedriders dy't meidwaan soene, binne negatyf test. Dus sy kinne allegear meidwaan.
12:30

Folle mear jeugd besmet

It tal Friezen tusken de 12 en 17 jier dat de ôfrûne wike besmet rekke is mei it coronafirus, is mear as dûbeld sa heech as de wike dêrfoar: fan 47 nei 101. De groep is in hieltyd grutter wurdend part fan it totale tal besmettingen yn de provinsje. 25 besmettingen binne learlingen fan it Comenius Mariënburg yn Ljouwert.
11:34

Europeanen wolle mear foech EU tsjin pandemy

Twatredde fan de Europeanen (66%) fynt dat de EU mear foech ha moat om mei de coronapandemy om te gean. En 54% fynt dat de EU mear finansjele middels ha moat om de effekten fan de krisis tsjin te gean.
It is neffens 77% fan de EU-bewenners wol wichtich dat Europeesk jild allinnich giet nei lidsteaten mei 'goed funksjonearjende' rjochtssystemen. Fan de Nederlanners stipet 71% dy stelling.
11:04

Bern yn lestige situaasje jouwe libben leech sifer

Nederlânske bern dy't grutbrocht wurde yn in drege situaasje, jouwe har libben folle legere sifers as it trochsneed. Dat seit Berneombudsfrou Margrite Kalverboer nei in ûndersyk ûnder hast twatûzen bern.
Bern dy't opgroeie mei in probleem yn de thússituaasje jouwe har libben in 7,2. Bern dy't net thúswenje jouwe in 6,4. De bern yn in sletten ynstelling jouwe har libben in 5,6.
It gemiddelde sifer fan bern dy't sûnder problemen opgroeie is in 8,3. Dat ferskil tusken de ferskate groepen is skokkend, seit de Ombudsfrou. "De achterstand wordt heel groot." Bern yn mindere situaasjes ha folle mear lêst fan de coronamaatregels. "Corona versterkt de negatieve kanten van hun leven. Dat moet echt anders."
10:15

181 miljoen foar de faksins

Nederlân is mooglik 181 miljoen euro kwyt foar de miljoenen coronafaksins fan de Amerikaanske farmaseut Pfizer. De priis fan de faksins is 15,50 euro it stik. Nederlân krijt de beskikking oer maksimaal 11,7 miljoen faksins.
08:50

'Pfizer moat ynsjoch jaan yn ûntwikkeling faksin'

De Amerikaanske farmaseut Pfizer set tûzenen libbens op it spul troch gjin ynsjoch te jaan yn de wize wêrop't sy har coronafaksin ûntwikkele ha, sizze saakkundigen. In part fan de Twade Keamer wol aksje tsjin Pfizer, skriuwt it AD.
Pfizer, dat dizze wike bekend makke dat se in faksin ha dat 95% effektyf is, wol net ôfsjen fan de oktroaibeskerming. Dêrmei krijt de Amerikaanske farmaseut it allinnichrjocht om it faksin te produsearjen. Nederlân hat yntusken 7,8 miljoen doases fan it faksin ynkocht.
07:39

CNV: 7 op 10 thúswurkers wolle dat ek nei de krisis dwaan

© ANP
Al soe der takom jier in ein komme oan de coronakrisis, dan noch wolle sân op de tsien minsken dy't no thúswurkje, dat noch hieltyd dwaan. Dat blykt út in ûndersyk fan fakbûn CNV ûnder 3.000 thúswurkjende leden. En hast de helte wol dat ôfspraken bûten de doar nei de krisis noch hieltyd online plakfine.
Der moatte wol ekstra middels komme, fynt it bûn. "In protte thúswurkplakken binne no provisoarysk ynrjochte mei de laptop op de keukentafel, in minne burostoel, gjin goede wurkhâlding en mûsearms", seit CNV-foarsitter Piet Fortuin. "Hast gjinien wurknimmer ûntwikkelet in struktureel thúswurkbelied. Dêr moatte se no gau oan wurkje, want thúswurkjen hat de takomst, blykt út ús ûndersyk."
07:08

Tal besmettingen en stjergefallen rint wer op

Nei fiif wiken delgong is de ôfrûne wike wer in groei yn it tal coronabesmettingen te sjen yn Fryslân. De ôfrûne sân dagen binne 722 besmettingen fêststeld yn ús provinsje, tsjinoer 561 de wike dêrfoar.
It RIVM hat de ôfrûne wike 17 stjergefallen as gefolch fan it coronafirus meld yn ús provinsje. Dat is ek in stik mear as de ôfrûne wiken.
06:40

EU hopet ein desimber twa faksins goed te karren

De Europeeske Uny hopet mooglik yn de twadde helte fan desimber twa faksins tsjin it coronafirus goed te karren. Dat seit kommisjefoarsitter Ursula von der Leyen nei oerlis mei de EU-lieders. It giet om de faksins fan Pfizer en Moderna.
Betingst is dat de beoardieling fan beide faksins troch it Europeesk Medisynagintskip goed ferrint. Earst sille lytse hoemannichten beskikber wêze.
De Europeeske Kommisje hat mei Pfizer al in akkoart sletten. It bedriuw leveret 200 miljoen doases. Mei Moderna wurdt noch praat.
06:37

WHO: gjin remdesivir mear

Wrâldsûnensorganisaasje WHO advisearret lannen om it firusremjende remdesivir net mear te brûken by coronapasjinten dy't yn it sikehûs opnaam binne. Neffens de WHO hat it middel gjin 'wichtich effekt' op de sûnens fan Covid-19-pasjinten.
Remdesivir wurdt ûnder oare tatsjinne oan coornapasjinten dy't soerstoftafier nedich ha. Ek yn Nederlân wurdt it middel brûkt.
tongersdei 19 novimber 2020
06:00

Goeiemoarn

Goeiemoarn en wolkom yn dit liveblog oer it coronafirus. It coronanijs fan tongersdei weromlêze? Dat kin hjir.