SC Cambuur pakt kopposysje yn topper ôf fan De Graafschap

SC Cambuur hat tongersdeitejûn de topper tsjin De Graafschap wûn. Op besite by de ploech út Doetinchem waard it 0-2. Troch de oerwinning geane de Ljouwerters no oan kop yn de Keuken Kampioen Divisie.
It duorre lang foardat de wedstriid op De Vijverberg echt op gong kaam. Beide ploegen krigen wat lytse kânskes, mar echt tichteby in treffer wiene beide ploegen net. De earste grutte kâns wie yn de 38e minút úteinlik foar Mitchel Paulissen. Hy koe nei geduldich rûnspyljen fan de Ljouwerters ynsjitte, mar doelman Rody de Boer hie in antwurd op syn skot yn 'e hoeke.
Krekt foar it skoft iepene ferdigener en oanfierder Erik Schouten de skoare. In korner fan Cambuur bleau hingjen yn it strafskopgebiet, wêrnei't Schouten mei in tergjend traach skot de bal foarby de ferdigeners en keeper fan De Graafschap krige.

Graafschap wurdt sterker

Yn de twadde helte besocht De Graafschap op likense hichte te kommen, en de ploech út Doetinchem wie yn de faze nei it skoft dan ek sterker as de ploech fan Henk de Jong. It wienen lykwols de Ljouwerters dy't yn de 65e minút de marzje ferdûbelen. Jamie Jacobs stjoerde Giovanni Korte fuort en dy faalde each-yn-each mei doelman De Boer net. It skot fan de oanfaller belâne fia in foet fan in Graafschap-ferdigener presys oer de keeper yn de goal: 0-2.
De Graafschap besocht it yn de slotfaze noch op deselde wize as yn de rest fan de wedstriid: mei lange ballen. Mar de bal foel yn de slotminuten, yn tsjinstelling ta in soad oare wedstriden fan de 'Superboeren', net mear goed. Dêrmei gie de oerwinning relatyf ienfâldich nei Cambuur.

Kopposysje

SC Cambuur giet troch de oerwinning oan kop yn de earste difyzje. De Ljouwerters hawwe no 28 punten út tolve wedstriden. De Graafschap hat likefolle punten, mar hat in minder doelsaldo en in wedstriid mear spile. Almere City folget op it tredde plak mei 27 punten út tolve wedstriden.
Cambuur fiert in doelpunt, wylst Rody de Boer fan De Graafschap baalt © www.orange-pictures.nl
De Graafschap - SC Cambuur 0-2 (0-1) 42' 0-1 Erik Schouten, 65' 0-2 Giovanni Korte.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Sambissa; Jacobs, Hoedemakers, Paulissen (88' Kramer); Breij (80' Antonia), Mühren, Korte (88' Kallon).