Argyf fan juristefamylje Beucker Andreae fûn: "it toant echt wat oer it libben yn dy tiid"

It is de dream fan eltse histoarikus: in moai argyf yn hannen krije en dêryn sneupe meie. It oerkaam Omropkollega Sian Wierda fan De Jouwer in pear dagen lyn. Fia fia krige hy in oantal doazen fol argyf fan fjouwer generaasjes fan de begoedige juristefamylje Beucker Andreae út Ljouwert.
© Sian Wierda
De Beucker Andreaes wiene in famylje fan kwizekwânsje, sa fertelt Wierda. "It wie in juristefamylje, fan oarsprong in patrisiërsfamylje. Dat hâldt yn dat se net fan oarspronklike adel wiene. Mar se wiene wol in wichtige famylje mei oansjen. Se wiene bygelyks advokaten en ien fan harren hat boargemaster fan Ljouwert west."
Yn de kolleksje sit in grut ferskaat oan saken. "Ik bin fan alles en noch wat tsjinkaam", seit Wierda. "It wiene minsken dy't nei skoalle giene, sa ha ik in âld fergiele foto fan de Meisjes HBS yn Ljouwert, dat wie net foar elkenien weilein." In famyljelid krige sels in útnûging foar in bal fan de keninklike famylje.

Froulju

Opfallend wie dat der ek in soad stikken oer de froulju by sitte. "Faak wurdt der allinnich nei de manlju sjoen. Mar yn de doazen dy't ik krigen ha sit ek in soad oer de froulju. Dat is eins wol bysûnder, dy ha ek allegear guod sammele. Dêrom tink ik dat dit foar bygelyks ûndersikers in moaie boarne is, it toant echt wat oer it libben yn dy tiid."
Wierda sil de stikken oan it Histoarysk Sintrum Ljouwert skinke.
Sian Wierda