Westereender (21) moat twa jier de sel yn foar oplichting
In 21-jierrige Westereender is tongersdei feroardiele ta 24 moannen selstraf fanwegen oplichting, bedriging en fraude mei persoansgegevens. De jongeman hat op grutte skaal oplichte.

Hy die him foar as meiwurker fan in doarwarderskantoar en stjoerde oanmoanningen nei ûnskuldige minsken. Fierders belle hy midden yn 'e nacht minsken op. Somtiden waard hy bedriigjend tsjin dizze minsken. Ek lei hy telefoansintrales fan ûnder oaren sikehuzen en húsdoktersposten lam troch se plat te beljen. Hy die it somtiden ek foar dat hy famylje fan sikehûsmeiwurkers ûntfierd hie of sette hy conference calls op.
De Westereender ferbleaun meastentiids yn it bûtenlân. Hy waard ein desimber oppakt yn Denemarken. By syn detinsje manipulearre hy in psycholooch troch krekt te dwaan oft hy steurnissen hie om sa in legere finzenisstraf te krijen.
Al sûnt syn middelbere skoaltiid is de man dwaande mei oplichting.
Hy moat oan seis dupearren 2100 euro skeafergoeding en it jild dat hy fertsjinne mei syn kriminele aktiviteiten, 28.000 euro, moat hy werombetelje. Neffens it Iepenbier Ministearje is it tal slachtoffers noch folle heger.