Fertochte opdrachtjouwers Tesla-brannen De Jouwer langer fêst

De rjochtbank yn Ljouwert hat tongersdei it foararrest ferlinge fan twa manlju dy't fertocht wurde fan belutsenheid by it yn brân stekken fan de Tesla's fan in advokate út De Jouwer, begjin 2018. Har auto's waarden twa kear yn 'e brân stutsen.
De útbrânde Tesla fan april © J. de Jong
Beide brannen soargen foar in libbensgefaarlike situaasje: de auto's stiene op minder as in meter fan it hûs, wylst de advokate en har bern op bêd leine. In ynwenner fan Noardwâlde (34) is dêrfoar oppakt. De man ûntkende, mar waard yn maart 2020 troch de rjochtbank foar beide brânstichtingen feroardiele ta trije jier sel en tbs.

Opdrachtjouwers

By in pro-formasitting op 13 augustus joech de man ûnferwachts iepenheid fan saken. Hy joech ta dat er de auto's fan de advokate yn 'e brân stutsen hie en hy joech ek de nammen fan syn opdrachtjouwers. Koart dêrnei iepene justysje it ûndersyk opnij. Op 26 augustus waarden de oanwiisde opdrachtjouwers oanholden. Ien fan de twa, in man fan 38 dy't doe yn Raerd wenne, soe in saaklike bân mei de advokate ha.
De man wie oait eigener fan de CMS-werf yn Ljouwert en de advokate wie de kurator nei it fallisemint fan dy werf. De twadde fertochte, in 55-jierrige ynwenner fan Burgum, soe de bemiddeler west ha. Hy soe yn opdracht fan de werfbaas de man út Noardwâlde ynskeakele ha om de auto's yn 'e brân te stekken. Neffens it Iepenbier Ministearje is de advokate ek tipt dat de werfbaas achter de brânstichting sitte soe.

Langer fêst

De man út Noardwâlde soe beide kearen 1500 euro krigen ha. De rjochtbank wiisde tongersdei it fersyk fan de advokaten fan de fertochte opdrachtjouwers ôf om har kliïnten frij te litten. Beide mannen ferklearren dat se ûnskuldich wiene.
De sitting soe op 18 febrewaris wêze, mar dat is noch net wis. De rjochtbank hat besletten dat fjouwer tsjûgen, ûnder wa de brânstichter sels, heard wurde by de rjochter-kommissaris.