Ljouwert wol meiwurkje oan opfanglokaasje foar 400 asylsikers

It kolleezje fan Ljouwert wol it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA) helpe by in ûndersyk nei in geskikte lokaasje foar de opfang fan asylsikers yn de gemeente. De ried moat der noch wol oer te set, it definitive beslút falt dan begjin 2021.
© Omrop Fryslan, Sybren Terpstra
Ljouwert hat op 2 oktober in fersyk fan it COA krigen om mei te wurkjen oan in ûndersyk nei in permaninte opfanglokaasje fan asylsikers. It giet om in lokaasje mei 350 oant 400 plakken. Dêr kinne 250 statushâlders of 'kansrike' asylsikers húsfêste wurde. De oare opfangplakken wurde fleksibel ynset foar oare wenningsykjenden. Dat kinne studinten, spoedsikers of arbeidsmigranten wêze.
It COA wol in lokaasje fan op syn minst fiif jier fêstlizze.
Der is noch gjin lokaasje yn byld. As de ried meiwurkje wol oan it ûndersyk, dan moat der socht wurde nei in geskikt plak. Dêrby wurdt sjoen nei hoe't sa'n opfanglokaasje past yn de wyk en de kânsen dy't it gebou biedt by de yntegraasje fan de bewenners.

Yntegraasje en partisipaasje

By it sykjen fan in lokaasje is it wichtich dat der iepenbier ferfier op minder dan 500 meter ôfstân is, in winkelsintrum binnen twa kilometer en in middelbere skoalle binnen fiif kilometer.
It COA siket opfangplakken yn gemeenten dêr't goede mooglikheden binne foar ûnder oare yntegraasje en partisipaasje.

Snits as foarbyld

Azc's krije hieltyd mear in iepen karakter, seit de gemeente. Earder barde alles op it terrein fan in azc, mar no binne de lokaasjes hieltyd mear iepen. Ljouwert sjocht dêrby nei Snits as foarbyld. Dêr kinne de bewenners taallessen folgje, is der in repairkafee en ferskate aktiviteiten yn in wurkplak. Yn de Snitser biblioteek is in eksposysjeromte foar azc-bewenners en in azc-fuotbalploech spilet tsjin Snitser klups. Dêrnjonken helpe azc-bewenners mei skjinmakaksjes yn de wyk en dogge se frijwilligerswurk yn it fersoargingshûs.

Underfining yn Ljouwert

De gemeente Ljouwert hat yn 2015 meiwurke oan in akute needopfang yn Grou. In jier letter wie der ek plak foar 600 asylsikers yn it WTC yn Ljouwert.
Ferline jier ha Ljouwert en it COA ek oerlein oer in nije needopfang yn it WTC. Dat gong net troch fanwege it coronafirus, mar in grut part fan de Ljouwerters stie neffens it kolleezje wol iepen foar de komst fan asylsikers nei Ljouwert. Dêrby wiene wol soargen oer ûnfeilige situaasjes, mar de gemeente docht der alles oan om dy gefoelens fuort te nimmen.