Julianaleane yn Ljouwert wrakselet mei ferkearsoerlêst
Sûnt de Hendrik Algrawei yn Ljouwert oardel jier lyn ôfsletten waard, rydt der folle mear ferkear oer de Julianaleane. De bewenners trúnje der al de hiele tiid by de gemeente Ljouwert op oan om wat oan de oerlêst fan benammen it frachtferkear te dwaan. De gemeenteried praat hjir oer twa wiken oer. Yn tarieding op dy gearkomste wie der woansdeitejûn in iepen poadium fan de riedsfraksjes.

Op it iepen poadium wiene ferskate ynsprekkers. Ien partij wie it wykpanel Huzum-West, dêr't Jan Keizer fan is. Hy seit oer de kwestje: "De oerlêst is hiel grut. Minsken hawwe lêst fan it leven fan auto's, roet en fynstof. En de enoarme drokte. Bûten it wykein geane der op in dei 23- oant 26.000 auto's en 1.000 frachtweinen del."
Der wie noch wol wat diskusje oer it tal auto's. "Der sitte ferskillen tusken ús sifers en dy fan de gemeente. Dat komt benammen omdat de gemeente it gemiddelde berekkenet oer sân dagen. Dus mei de sneon en snein, as de minder riden wurdt. Mar it slimste giet oer de wurkdagen."
Sykje nei in oplossing
Keizer hopet dat de gemeente nei it wykpanel harkje wol. "Der wiene fiif ynsprekkers, wy hawwe ek ús ferhaal holden. Der binne fragen steld troch ferskate partijen. Je soene it frachtferkear der mei buorden út helje kinne, of je soene der in 30 kilometer-dyk fan meitsje kinne. Dan sille minsken earder oer de Heak om Ljouwert ride."
It wykpanel is ek noch dwaande mei in rjochtsaak tsjin it ôfsluten fan de Hendrik Algrawei. "Dat hat direkt te krijen mei de Julianaleane. Wy hawwe in berop oantekene by de Ried fan Steat. Dy hiene yn juny in útspraak dwaan kinnen, mar wy wolle noch heard wurde. Dus wy wachtsje noch op in oprop om ús ferhaal te dwaan."
Jan Keizer fan it wykpanel Huzum-West